Einliks in nije heup foar Jan de Groot út Minnertsgea: "Oh, wat bin ik gelokkich"

20 feb 2021 - 15:03

Nei moannen wachtsjen hat Jan de Groot (81) út Minnertsgea in nije heup. Twa wiken lyn die er by ús syn ferhaal oer de pine dy't er hie. Syn operaasje waard fanwege it coronafirus hieltyd útsteld. No, in pear dagen nei syn operaasje, is De Groot in hiel oare man. "It sin is hiel best. Oh, wat bin ik gelokkich", seit er.

Einliks in nije heup foar Jan de Groot

Jan de Groot laket wer. Wylst er goed twa wiken lyn fergie fan de pine en net iens op in stoel sitte koe, giet it no goed mei him.

De Minnertsgeaster wachte al moannen op in nije heup. Krekt as tûzenen oaren stie hy op de wachtlist by it sikehûs, omdat de coronasoarch op it stuit foarrang hat. De pine wie by De Groot sa slim dat hy op in stoel slepte, omdat hy hjir makliker ôf komme kin as fan it bêd.

Yntusken kin hy wer neist syn frou sliepe, op syn fertroude bêd. "Ik lûk mysels dan oerein oan in doek", fertelt De Groot. Sa kin hy selsstannich fan bêd komme, oars moat hy syn frou wekker meitsje. "Dan ha wy der in bokje stean en yn de keamer stiet in rollator. It duorret wol even, mar sa wurkje ik my dêr wei."

Foto: Omrop Fryslân

De operaasje is no in pear dagen lyn en De Groot fertelt dat it smoardrok wie yn it sikehûs. "Der wiene 34 bêden yn it sikehûs en der wiene noch mar 4 oer." Dy drokte troch it coronafirus is ien fan de redenen dat it langer duorre foardat De Groot holpen is. Mar it hie noch in reden.

De Groot fertelt dat er miskien wol wat te beskieden west hat oer hoe grut oft de pine wie. "It gong hiel hurd efterút. Dy pine hie my yn betwang. Mar ik ha te goed west rjochting it sikehûs. De minsken hiene it smoardrok mei corona. De húsdokter kaam hjir ek al in kear. Dy sei dat ik better even oanhâlde moatten hie."

Húsdokter Pijman seit mei klam dat it belangryk is om op tiid oan de belle te lûken. Dat minsken net omrinne moatte mei pine of klachten. "Dat zeggen we steeds, zeker in coronatijd, anders worden echt belangrijke diagnoses te laat gesteld."

Jan de Groot hat in nije heup

(Advertinsje)
(Advertinsje)