Hûndert jier âlde sleepboat Harmen wer boppe wetter

20 feb 2021 - 14:55

In bergingsbedriuw hat sneontemoarn oan de Houkeslootpromenade yn Snits de 100 jier âlde sleepboat Harmen burgen. De boat sonk earder dizze wike, nei alle gedachten fanwegen in defekte ôfsluter.

Foto: CAMJO media

Mei ferskate pompen, in hyskraan en in dûker waard besocht it hûndert jier âlde skip te lichten. Dat ferrûn soepel en tsjin 14.00 oere wie it skip alwer boppe wetter. In groepke minsken kaam op it skouspul ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)