Heechspringer Douwe Amels foar fjirtjinde kear Nederlândsk kampioen

20 feb 2021 - 14:47

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten is sneontemiddei Nederlânsk kampioen heechspringen wurden. Amels gie oer in hichte fan 2.20 hinne, en dat wie genôch foar de titel. It wie foar de atleet de ôfsluting fan it binnenseizoen. "De focus gaat nu op het outdoorseizoen. Ik wil proberen me te kwalificeren voor de Olympische Spelen in Tokio."

Foto: Orange Pictures

It is foar Amels de sânde indoor titel by it heechspringen. Earder yn syn karriêre waard hy ek al sân kear kampioen bûten. De Drachtster hie in grutte foarsprong op de rest fan it poadium. Ridzerd Punt, noch mar 15, waard twadde mei 2.07 wylst de 16-jierrige Jamie Sesay tredde waard yn deselde hichte.

Amels besocht him ek noch te pleatsen foar it EK indoor yn Torun, yn Poalen. Dêrfoar moast hy oer 2,26 springe, mar hy slagge dêr net yn. Neffens de heechspringer kaam dat om't it seizoen troch corona eins te koart wie om echt top te wêzen. "Ik heb maar twee wedstrijden gesprongen deze winter en dat is net te weinig om alles op orde te krijgen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)