Selstraf easke foar driigjen mei mes yn Drachten

Justysje easket 160 dagen sel en 80 dagen ûnder betingst tsjin in man sûnder fêst wenplak, omdat er yn Drachten mei in mes in man bedrige hat. De 20-jierrige fertochte hat 160 dagen yn foararrest sitten, de straf soe dêrom betsjutte dat er net wer de finzenis yn hoecht.
© Omrop Fryslân
De man wie yn Drachten nei syn eks-freondinne gien, mar sy woe him net sjen. It slachtoffer, de buorman fan de eks-freondinne, soe har helpe en stjoerde de fertochte fuort. Dy pakte doe in mes.
De offisier fan justysje fynt dat de fertochte lang genôch sitten hat foar it fergryp en easke dêrom in selstraf dy't lyk is oan it foararrest.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.