Fûgelpits Moddergat wol kompensaasje foar ynset by bestriding fûgelgryp

20 feb 2021 - 13:21

De Fûgelpits yn Moddergat wol kompensaasje hawwe foar it wurk dat se dien ha doe't de fûgelgryp útbruts. It fûgelopfangsintrum hat de ôfrûne moannen sa'n 7.000 fûgels, foaral guozzen, romme yn de omkriten fan de seedyk. Allegear slachtoffers fan de fûgelgryp. It jild dêrfoar - sa'n 10.000 euro - hat de Fûgelpits út eigen bûse betelle.

Fûgelpits Moddergat wol kompensaasje foar ynset by bestriding fûgelgryp

"Als opvang hebben we ook een signaleringsfunctie", fertelt frijwilliger Rinaldo Korst fan de Fûgelpits. "Toen we hoorden dat er dieren besmet waren, hebben we dat direct laten onderzoeken." De bisten koene fanwegen it firus net mear binnen de opfang holpen wurde. "Dieren met symptomen wilden we niet op het terrein hebben, want je kunt ze niet genezen." De bisten moasten ek sa min mooglik ferpleatst wurde, om fersprieding fan it firus foar te kommen.

"Ging ons heel erg aan het hart"

Der siet dus neat oars op as de bisten ôfmeitsje. "We hebben in totaal zo'n 7.000 ganzen en eenden geruimd. It Fryske Gea en Dier in Nood hebben ook geholpen", fertelt Korst. "Dat ging ons heel erg aan het hart, want het liefst wil je alle dieren helpen. Maar dit was de enige hulp die we konden bieden." Yntusken is it yn Fryslân wer rêstich wat de fûgelgryp oanbelanget.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

By it romjen binne nochal wat kosten makke. "We schatten het op zo'n 10.000 euro. Dat ging naar het euthanaseren en opruimen van de vogels, brandstof voor het rondrijden, desinfectiematerialen, beschermende middelen", sommet Korst op. Dat jild hie de Fûgelpits eins yn syn opfangsintrum stekke wold. "Dat moeten we nu op de lange baan schuiven."

Wa moat der betelje?

It opfangsintrum hat yntusken by ferskate oerheden oankloppe foar kompensaasje. "Wij hebben alles opgeruimd om het te beperken, ook voor de omgeving. Dat geld hebben we niet zomaar liggen." It fersyk hat oant no ta lykwols noch neat opsmiten. "De gemeente zegt dat ze niks kunnen doen en dat het vanuit de provincie of de overheid moet komen. De vraag is waar het nu echt vandaan moet komen, maar daar is nog geen antwoord op."

De Partij voor de Dieren hat yntusken Keamerfragen steld oer de kwestje. "Stichting Dierenlot is er ook mee bezig. Dus we zijn er allemaal druk mee bezig. Maar het is nu gewoon afwachten."

Frijwilliger Rinaldo Korst oer de gefolgen fan de fûgelgryp

(Advertinsje)
(Advertinsje)