Pianist Frans Douwe Slot is werom op de konsertpoadia

Nei fiif jier refalidaasje kin pianist Frans Douwe Slot fan it Hearrenfean sizze dat er wer op it nivo is fan doe't er slagge foar syn konservatoariumeksamen. "Miskien bin ik no wol better. Better as oait." De 'fokale distony' hat him der net ûnder krigen, mar it skeelde net folle.
Fokale distony is in oandwaning dêr't mear musisy lêst fan ha, mar der hearsket in taboe op. "It komt it measte foar by gitaristen en dan stean op it twadde plak de pianisten", fertelt Slot. "Ien dy't jild fertsjinnet mei muzyk en lêst hat of krijt fan dizze kwaal, sil dat net sa gau sizze út eangst opdrachten mis te rinnen." By Frans Douwe Slot wie de fokale distony sa earnstich dat er net mear spylje koe. "Miskien ha ik it altyd al hân, dat witte wy net. Ik tocht altyd dat it oan myn technyk lei en dus gie ik nóch hurder studearjen, wol alve, tolve oeren deis. Ik wit no dat dat krekt in averjochts effekt hân hat."

Musisearkramp

Fokale distony is in neurologyske oandwaning en wurdt ek wol 'musisearkramp' neamd. In bepaalde ferbining yn de harsens wurdt net lein en de holle siket dan nei in kompensaasje. By Slot sit de kwaal yn de middelfinger fan syn rjochterhân. De twa fingers dêr neist binne de kompensaasjefingers. "Toanljedders. In basale oefening foar in pianist. Ik koe it net, ik lei der dêrom sa'n fokus op dat alles ferkrampte". Hy krige lêst fan syn pols, syn skouder, de rêch en it duorre lang foar't dúdlik wie wat der oan 'e hân wie. "Mensendieckterapy, Cesarterapy, fysioterapy, neam it mar op, ik ha alles besocht. En de terapeuten diene har bêst, mar wisten it net."

Konsertpianist

Nei syn konservatoariumeksamen gie Frans Douwe Slot fierder mei de stúdzje 'útfierend artyst'. Dy trije jier hawwe hiel dreech west omdat de fokale distony hieltyd dúdliker oanwêzich wie, sûnder dat er wist wat der krekt wie. "Foar myn eksamen ha ik in healjier lang ien oerke deis studearre en sa ha ik it dochs helle. Mar ik ha it hiel dreech hân."
Frans Douwe Slot © Frans Douwe Slot
Dochs gie Slot it konsertpoadium op. Hy trede op mei bekendheden as Emmy Verhey en Wytske Holtrop, wûn nasjonale en ynternasjonale prizen, en makke cd's. "Ik wie wol in firtuoaze pianist, muzikaal bin ik hiel sterk, mar de technyk bleau altyd achter", seit er oer dy perioade. "Ik koe ek lang net alles spylje. Foar't ik eat spile, hie ik it goed bestudearre om te sjen oft der gjin 'loopkes' yn sieten dy't ik net meitsje koe. Ien kear slagge dat noch, twa kear miskien ek noch mar faker moast dat absolút net. Dus ik socht myn stikken echt út."

Spanje

By Revalidatie Friesland wie refalidaasjedokter Kees Hein Woldendorp de earste dy't tsjin him sei dat hy nei alle gedachten fokale distony hie. "Doe wist ik einlik wat it wie. It hie in namme en dat wie in opluchting, want no koe ik der wat oan dwaan." Woldendorp advisearre him om nei Spanje te gean. Dêr is de behandeling fan distony al hiel fier, folle fierder as yn Nederlân. "Der stiene doe noch in stik of tsien konserten op de planning en dy ha ik noch al dien, mar ik kaam soms gûlend fan it poadium. Ik wie mentaal hielendal brutsen."

Rubiks-kubus

Yn Spanje krijt Slot hiele simpele oefeningen dy't derop rjochte binne om de fokus op wat oars te hawwen as op de fingers by it pianospyljen. De fingers wurde ek spalke, om bepaalde bewegingen net mear mooglik te meitsjen. "Dan moast ik bygelyks mei de middelfinger en tomme wat tokkelje en ûnderwylst mei de oare hân de Rubiks-kubus meitsje. Of ik moast tagelyk in IQ-test dwaan. Do snapst wol dat dyn fokus dêr dan op leit en net op dy fingers dy't op dy piano tokkelje." De oefeningen duorje hieltyd wat langer en nei in jier spilet Slot wer ris in ienfâldich stik. "En wylst ik spile, moast ik rekkenje. By in A plus 26, by in Cis min twa." It sit der no sa ynslipe dat er himsels der sa no en dan noch op trappearret.
Hast seis jier nei't er mei de terapy begûn, is Slot hielendal werom op nivo. "Miskien bin ik wol better as oait. En ik wurd wer gelokkich fan muzyk meitsje en optrede. Dat hat hiel lang net sa west." De jierren fan refalidaasje wiene ek op in oare wize weardefol foar him: "It klinkt miskien nuver mar it wiene ek prachtige jierren. Ik wie yntusken heit. En ik wie net wiken fuort op toernee; ik koe hiel tichtby wêze en de hiele ûntwikkeling fan myn bern meimeitsje. Dat is ek wichtich."
Om syn refalidaasje ôf te sluten, sil de fan Stiens ôfkomstige pianist in cd opnimme mei de 24 preludes fan Brucken Fock, in Nederlânske komponist dy't net hiel bekend is, mar dy't wol - neffens Slot - prachtige wurken skreaun hat. "Sa wol ik dizze perioade ôfslute. En ik hoopje ek dat ik op dizze wize fokale distony wat út de taboesfear helje kin en dat oare muzikanten der baat by ha."
Pianist Frans Douwe Slot fertelt oer syn fokale distony