Cambuur Sjoernaal: Cambuur lit twa djoere punten lizze tsjin Jong Ajax

SC Cambuur hat freedtemiddei twa djoere punten lizze litten. Op Sportcomplex De Toekomst yn Amsterdam kamen de Ljouwerters net fierder as in 1-1 lykspul tsjin Jong Ajax. Se krigen genôch kânsen, mar de ôfwurking wie net skerp genôch. Robert Mühren makke de Cambuur-goal en dat wie syn fyftichste yn tsjinst fan de klup út Ljouwert. Yn it Cambuur Sjoernaal sjogge we werom op de wedstriid.
Cambuur Sjoernaal