Brân leit wenkbuorkerij yn 'e jiske yn Tsjerkgaast

20 feb 2021 - 11:50

Yn in wenbuorkerij oan de Gaestdyk yn Tsjerkgaast hat sneontemiddei in grutte útslaande brân west. It wengedielte kin neffens de brânwacht as ferlern beskôge wurde. De brânwacht koe lykwols foarkomme dat de brân oersloech nei de lisboksstâl derneist.

Grutte útslaande brân yn wenbuorkerij yn Tsjerkgaast

De brânwacht fan Sint-Nyk, Sleat, Balk, De Jouwer en Snits rieden krekt foar healwei tolven út. De reekwolken wiene fan fier ôf te sjen.

Foar safier bekend wie der gjinien oanwêzich yn de buorkerij. Al it fee is út de stâl helle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)