Utrikking Friese Popawards 2020 folslein digitaal, mar wol mei optredens

De útrikking fan de Friese Popawards 2020 is sneontejûn folslein digitaal te folgjen, twa moannen letter as de bedoeling wie. Yn desimber koe it jierlikse evenemint fan Friesland Pop net trochgean fanwege de lockdown. De optredens binne yn it foar opnommen yn teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer, fertelt projektlieder Evelyn Andoh fan de Friese Popawards.
© Titus van 't Veer
It giet om optredens fan singer-songwriter Amarens de Boer en de bands Cloudsurfers en WTRVLD. Tusken de optredens troch binne ynterviews montearre mei minsken dêr't oars live op it poadium mei praat wurde soe. Ek is de útrikking fan de Bernlef Priis oan de band It Dockumer Lokaeltsje yn desimber opnommen en yn de montaazje ferwurke.
Andoh fynt it skande dat it dit jier net oars kin, mar is dochs ek bliid dat de útrikking trochgiet. "We hebben in ieder geval gezorgd dat drie van de acts konden spelen. Dat vinden we toch wel belangrijk bij zo'n award-uitreiking, ondanks dat het allemaal digitaal plaatsvindt. Alles is vooraf opgenomen en gemonteerd, om tot een soort samenvattinkje te komen. Het is niet zo leuk als een echte awardshow natuurlijk, maar zeker de moeite waard geweest. En ook zeker de moeite waard om even te bekijken."
Cloudsurfers © Titus van 't Veer
Yn de kategory 'Friese Popprijs 2020' binne der trije nominearden: festivalorganisator Paul van Berlo fan ûnder oare it metalfestival Into The Grave, finyldrukkerij Deepgrooves út Ljouwert en muzykskoalle 8501Indie fan De Jouwer. Foar de award 'Beste Nieuwkomer 2020' binne de acts Cloudsurfers, Arie & Assindewarris, Amarens de Boer en Krissie nominearre. Fierders binne der noch prizen foar 'Beste Clip' en 'Song van het jaar'.
De útrikking is sneon fan 20.00 oere ôf te folgjen fia de Facebook-side fan Friesland Pop.
Evelyn Andoh, projektlieder fan de Friese Popawards