Omrop TIP: In 'blue zone' yn de Fryske bosk

21 feb 2021 - 08:03

It fleurige byld fan de fitte, sûne plattelânsbewenner kloppet net mei de wurklikheid. Wolfeartssykten komme faker foar op it plattelân. Sûnens, is it tema yn diel fjouwer fan de Fryslân DOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lan'. Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslan.

Wenje op it plattelân jilde altyd as sûner as wenje yn 'e stêd. Bûten is mear romte, frisse lucht, in leger tempo en minder stress. In heilsume omjouwing foar lichem en geast. Mar út ûndersyk docht bliken dat de plattelânsbewenner fan no likegoed te lijen hat fan wolfeartssykten as stress, oergewicht en groanyske kwalen, sels mear as gemiddeld. Wat hat it fleurige imago fan de sûne bûtenminske, de altyd fitte plattelanner, ûnderúthelle?

Herman Lelieveldt, politikolooch - Foto: Omrop Fryslân

De ferlieding wjerstean

Programmamakker Bart Kingma fan Fryslân DOK gie nei Middelburg foar in ynterview mei politokolooch Herman Lelieveldt, ferbûn oan University College Roosevelt. Hy wol in brêge slaan tusken polityk en iten en drinken. Neffens Lelieveldt hat de frije merk net it bêste mei de befolking foar, as it giet om sûnens. Minsken binne net yn steat om de ferlokkings fan goedkeap en net-sûn iten te wjerstean, en foaral de plattelanner is dêr gefoelich foar. De oerheid moat mear stjoering jaan, mient Lelieveldt.

Blue zone

Jon Brouwers is húsdokter yn Bakkefean. Sy yntrodusearre in nij konsept fan sûnenssoarch yn har doarp yn it boskrike súdeasten fan Fryslân. Gjin pillen, mar in oare libbensstyl soe de oplossing wêze foar de measte âlderdomskwalen. Mei sa'n fjirtich frijwilligers wol Brouwers fan Bakkefean in 'blue zone' meitsje. In plak dêr't minsken minder siik binne en lokkiger âld wurde.

Ald-bioboeren Asse Aukes (l) en Elias van der Werf - Foto: Omrop Fryslân

'Sûnens begjint by de natoer'

Asse Aukes en Elias van der Werf buorken op de grutste biologyske pleats fan Fryslân, doe't Fryslân DOK dêr tweintich jier lyn in film makke. Twa boeren, yntusken mei pensjoen, dy't sûnens sjogge as wat dat begjint by in bettere en sûnere omgong mei de natoer.

De dokumintêresearje 'Beklimmers fan it flakke lan' wurdt makke troch Albert Jensma en Bart Kingma. Fryslan DOK jout dêrmei omtinken oan lytsskalige en takomstrjochte inisjativen op it plattelân.

Fryslân DOK 'Beklimmers fan it flakke lân diel 4: Sûnens

  • Sneon 20 febrewaris NPO2 15.30 oere (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 21 febrewaris 13.10 oere)
  • Snein 21 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
(Advertinsje)
(Advertinsje)