Oargelmuzyk tsjerketsjinsten klinkt op nij YouTube-kanaal Omrop Fryslân

21 feb 2021 - 12:45

Nei de tsjerketsjinsten fan Omrop Fryslân wurdt manmachtich sjoen. Der komme in soad reaksjes binnen, net allinne oer de tsjinsten sels, mar ek oer de oargelmuzyk. Dêrom komt Omrop Fryslân mei in nij YouTubekanaal: Orgelmuziek uit Fryslân. De stikken fan Bach, Mozart, Händel, Vivaldi en mear wurde troch ferskate organisten spile en binne fia it kanaal te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

"Wat prachtig gespeeld en mooi in beeld gebracht!", is ien fan al dy reaksjes út binnen- én bûtenlân dy't binnen komt op de redaksje fan Omrop Fryslân. Mar ek de organisten sels krije in soad kompliminten oer de stikken. "As der sa'n soad reaksjes binnenkomme, dan is it skande om dêr net mear mei te dwaan", seit einredakteur Sybren Terpstra.

Sadwaande kaam it plan op tafel foar in eigen YouTubekanaal. Sa kin elkenien oer de hiele wrâld genietsje fan de moaie stikken dy't troch ferskate organisten spile wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Jochem Schuurman is ien fan dy organisten. "Ik fyn it in hiel goed inisjatyf dat de oargelmuzyk sa oppakt wurdt. Yn Frjentsjer ha ik wol sjoen dat der folle mear minsken nei de tsjinsten sjogge as dat gewoanwei yn 'e tsjerke komme. Dat smyt in soad aardige reaksjes op, ek oan my persoanlik. Minsken witte my op ferskate wizen te finen, fan mailtsjes, appkes en berjochten op Facebook oant kaarten of sels in bosk blommen."

Yntusken ferrinne de tsjerketsjinsten yn Frjentsjer wer 'normaal', sûnder de kameraminsken fan Omrop Fryslân. De wyklikse tsjinst wurdt no alle moannen op in oar plak opnaam. Wol hat it oargel fan de Martinitsjerke "goed in the picture stien", seit Schuurman.

Oargelmuzyk populêrder?

Oft de oargelmuzyk no ek populêrder wurdt, fynt er lestich te sizzen. "Wy sitte noch yn in gekke tiid, wêryn't noch net in soad organisearre wurde kin. As we aanst wer mei de konserten begjinne kinne, dan sjogge we pas oft der no ek mear minsken op ôfkomme of net. Mar it is geweldich dat de oargelmuzyk no ek mei it YouTubekanaal wer sa oppakt wurdt en dat ik dat mei de oare organisten dwaan kin."

De fideo's binne sûnt sneon te sjen op it nije YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân: Orgelmuziek uit Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)