Kollum: "Het grote chagrijn"

20 feb 2021 - 08:18

"Mei't de lêste sniebulten râne, moatte we mei syn allen suver even bekomme fan it kadootsje dat we fan Kening Winter krigen. Selden ha ik yn de lêste jierren safolle bliere minsken sjoen. Op it iis, sa treflik beskreaun troch kollega Hylke Speerstra, mar ek op oare plakken. De bern dy't op sliden achter auto's en trekkers oansleept waarden. Mei reade wangen en soms gierend fan de wille. Fan it talúd fan mannich fiadukt glierden oant yn de jûntiid bern op plestik sekken, op ús deistich loopke nei it jûnsiten hearden we se roppen en foaral: laitsjen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

No't Fryslân wer grien wurdt, komt der in abrupt ein oan in wike folksfeest. En meidat de snie fuort teit, begjinne we werom te fallen yn dêr't we foar it ynfallen fan de koarte winter mei dwaande wienen. It is sa ferhipte spitich, mar sjoch de kranten en sosjale media der mar op nei. Oeral en op alles janke. It fenomeen dat mar min te bestriden is. In blomlêzing fan dêr't minsken dizze wike alwer oer eamelen:

Op ien: Minsken seurden oer de winter mei syn prachtige waar, want der binne ek beropsjankers dy't dêr 365 dagen yn it jier harren deitaak fan meitsje.

Op twa: De jûnsklok, ik leau net dat ik dat taljochtsje hoech.

Op trije: Minsken kleie oer de VVD, dy't de ferkiezings allinnich ferlieze kin as se Schiphol tichtdogge, mar dêr ha se ChristenUnie-boeredochter en minister Schouten foar ynhierd om dat foar te wêzen. Dus Schiphol krijt in natuerfergunning, no al de godspe fan 2021. Ek Lelystêd mei ynkoarten fleane. Oan al dy seurders: der komme ferkiezings. Meitsje dêr jim punt.

Op fjouwer: Yn de kranten jammerje sjoernalisten oer it feit dat Donald Trump bern hat, want dy kinne yn de takomst wolris presidint wurde wolle.

Op fiif: Kommissaris fan de Kening Arno Brok moat de kookwekker fan syn foargonger brûken gean, omdat hy de leden fan de Fryske Steaten normaal útsprekke lit. Wylst ik út tige betroubere boarne yn it Provinsjehûs wit dat se dêr omtrint de polonêze rinne oer Brok syn oanpak en echt gjin tel ûnwennich west ha en wurde sille fan John Jorritsma.

Samar fiif punten. En ik soe der mei gemak noch fiif of tsien byskriuwe kinne. De wille en it ljocht dat dy lytse oardel wike winter ús brocht, liket nei in dei as wat folslein fuort en ferfongen troch it grutte segryn dat ús al in pandemy lang yn de besnijing hat. In foarsitter fan in net nijer te neamen iishockeyklup en syn frou stienen hjir ferline wike even op oardel meter by ús op de oprit. Even jeuzelje oer fan alles en oer neat. It frear in graad as wat en ik wie op sokken, dus kâlde fuotten. Dochs bleau ik stean, krekt as myn frou. Even prate. 'En dit is dus krekt dat wat we misse,' sei de foarsitter. Hy hat gelyk.

Koe it alle jierren mar hiel lang winter wêze. It ljochtet ús dagen en smoart it grutte segryn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)