Ferpleechhûs Berchhiem hast coronafrij: noch twa ôfdielingen yn karantêne

Trije ôfdielingen fan ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum kinne wer út karantêne. Der is gjin corona mear op de ôfdielingen en dêrom wurde de maatregels ferromme. Dat betsjut dat bewenners fan sneon ôf alle dagen wer ien besiker as gast ha meie.
Berchhiem yn Burgum © RTV NOF
Yn totaal meie bewenners heechút trije fêste besikers ha, dy't yn har ientsje delkomme. Noch net it hiele ferpleechhûs is coronafrij. Twa ôfdielingen bliuwe ticht, omdat dêr noch in positive útslach binnenkaam is. De bewenners fan dy ôfdielingen wurde yn de rin fan takom wike opnij test.
Begjin febrewaris wie der in grutte corona-útbraak yn Berchhiem. Hast hûndert minsken, bewenners en meiwurkers, testen posityf op it firus. Fjirtjin bewenners binne oan it firus stoarn.