Jûnsklok bliuwt fan krêft, want Earste Keamer stimt foar spoedwet

De jûnsklok bliuwt fan krêft. Dat hat de Earste Keamer bepaald troch akkoart te gean mei in spoedwet. Dy wie nedich om de jûnsklok mooglik te meitsjen, omdat de rjochter earder oardiele dat de juridyske basis net goed genôch wie. It kabinet mocht de jûnsklok net ynfiere op basis fan in needwet. De spoedwet giet dit wykein yn.
In plysjekontrôle yn Drachten © De Vries Media
Ien dei lyn stimde de Twadde Keamer yn mei de wet, mar dêr wie ek in protte krityk. De ferwachting wie wol dat de Earste Keamer ek akkoart gean soe, omdat de partijen dy't yn de Twadde Keamer foar stimden, yn de Senaat in mearderheid ha fan 52 fan de 75 sitten.
De VVD, CDA, D66, ChristenUnie, SP, GroenLinks, PvdA en de fraksje-Otten stimden foar de jûnsklok. PVV, FVD, JA21, SGP, Partij voor de Dieren en de fraksje-Nanninga wienen tsjin.

Foar it gefal dat

It kabinet wol de spoedwet achter de hân ha foar it gefal dat de rjochter ek yn heger berop fan oardiel is dat de juridyske basis fan de jûnsklok net doocht. De útspraak yn dat heger berop is op freed 26 febrewaris.
Earder bepaalde it kabinet dat de jûnsklok op 3 maart ôfrint. Tiisdei makket it kabinet op in parsekonferinsje bekend oft de maatregel ferlinge wurdt. De jûnsklok waard ynfierd op 23 jannewaris.

Senatoaren nei de jûnsklok thús

De leden fan de Earste Keamer moasten wol in jûnsklokferklearring by har ha, want se wienen net foar 21.00 oere klear. Foarsitter Jan Anthonie de Bruin warskôge de senatoaren yn de middei al dat se de papieren yn oarder meitsje moasten.