Baard yn aksje tsjin ûntslach postboade: "We fertrouwe him op syn eagen"

19 feb 2021 - 21:30

It doarp Baard komt yn aksje foar postboade Hendrik Wagenaar. Dy is nei oanlieding fan in trijetal klachten op steande foet ûntslein troch syn wurkjouwer. Wagenaar soe net ynteger hannele ha en net soarchfâldich en netsjes mei syn post omgien wêze. "Mar we binne hiel wiis mei him en wolle him graach werom", seit aksjefierder Benedictus Benedictus. Hy hat in petysje opset dy't massaal dield wurdt. "We fertrouwe him op syn eagen."

Benedictus Benedictus (L) en Henk Wagenaar (R) - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Sjoch, dizze brief ha ik oan bewenners fan alle doarpen stjoerd", begjint in emosjonele Wagenaar syn ferhaal, wylst er in wyt papierke mei swarte letters toant. Hy sit oan de keukentafel by Benedictus Benedictus, ien fan de minsken dêr't hy seis jier lang de post troch de bus dien hat.

Mar dat is no dus klear. "Der stiet in hiele ferklearring yn dat ik ûntslein bin. Ik woe alle bewenners witte litte wat der oan de hân is. Ik wol net dat sy yn it ûnwisse wiene wêrom't ik net mear kaam."

"Dreech om tsjindiel te bewizen"

De reden is lykwols net foar de poes, sa docht bliken út de lêzing fan PostNL. Sy ha Wagenaar op steande foet ûntslein om't hy net ynteger mei de post omgean soe. "Simpel sein: ik soe pakketten efteroer drukt ha", seit Wagenaar.

"Neffens PostNL binne der klachten binnen kommen fan twa klanten. Se hiene in poststik net krigen. En doe tochten se dat ik dêr mear fan witte soe. Ik kin my dêr totaal net yn fine. It binne ferskate klachten, mar ik kin my der net yn fine. Se binne by my ek net bekend. Ik moat no bewize dat ik der neat mei te krijen ha, mar dat is dreech. Ik kin net bewize dat ik wat net meinommen ha."

Wagenaar besoarge de lêste seis jier de post op sa'n 300 adressen yn Baaium, Húns, Leons, Baard, Jorwert en it buorskip Fûns. Hy wie yn dy doarpen in fertroud gesicht wurden op syn scooter mei de grutte postkuorren foar- en efterop. Yn dy doarpen is no in petysje opset om Henk te hâlden. Dy wurdt manmachtich ûndertekene.

Tige wiis

"Wy kinne ús gewoan net foarstelle dat Henk net ynteger is", seit Benedictus. "De klachten binne net mis, mar it binne twa klachten yn seis jier. Hie dan efkes mei Henk om tafel gien. We leauwe Henk earder as dat wy it hanneljen fan PostNL goedkarre. Wy binne as klanten tige wiis mei Henk en hoopje sa in statement te meitsjen. Wy hoopje dat PostNL op syn stappen werom komt en Henk wer ús postboade wurdt."

As it moat, dan kom ik jûn noch del om brieven te bringen.

It leafst soe Wagenaar wer gau oan it wurk gean

Wagenaar hoecht ek net lang te wachtsjen mei in antwurd op de fraach oft hy noch wol wurkje wol by it bedriuw dat him ûntslein hat. "As it moat, dan kom ik jûn noch del om brieven te bringen. Ik ha mei de klanten sa'n bining. Ik bin in bern fan de doarpen. Fiif dagen yn de wike komme je hjir. Makkest fan alles mei en kenst de minsken. Dizze stipe docht in hiel soad. Ik ha bytiden de triennen yn de eagen. Se libje sa mei, dat is ûnfoarstelber."

PostNL lit yn in reaksje witte dat se net samar wurknimmers op steande foet ûntslaan. "We gaan daarbij niet over één nacht ijs", seit wurdfierder Ivar Noordenbos "Voor ontslag op staande voet is echt een goede reden nodig en die is er in deze zaak." Ynhâldlik wol PostNL net op de saak yngean, dat fine se net kreas.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Baard

(Advertinsje)
(Advertinsje)