Judoka Sanne Vermeer pakt brûns yn Tel Aviv

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat op de Grand Slam yn Tel Aviv in brûnzen medalje pakt. Yn de striid om it tredde plak wûn de 22-jierrige Vermeer op waza-ari fan Agata Ozdoba-Blach út Poalen. Yn de heale finale hie Vermeer ferlern fan Andrea Leski út Slovenië.
Sanne Vermeer (argyf) © Orange Pictures
Op de Doha Masters yn jannewaris pakte Vermeer ek al it brûns. Earder lei se lang út de rûlaasje troch in hamstringblessuere, dy't se ein 2019 oprûn.
De Grand Slam yn Tel Aviv is foar it Nederlânsk judobûn it op ien nei lêste mjitmomint om te bepalen hokker judoka's nei de Olympyske Spelen yn Tokio meie.