Johnny Jansen: "Overwinning op Feyenoord geeft een enorme boost"

19 feb 2021 - 20:55

Johnny Jansen koe nei it bekerduel mei Feyenoord net gelyk yn sliep komme. Mar doe't er de oare dei wekker waard, wie der it besef dat syn ploech in geweldige prestaasje levere hat. "Het was echt fantastisch dat we met z'n allen veerkracht hebben getoond. Deze overwinning geeft je echt een extra boost. Dat merk ik ook aan de jongens, er staat een grote glimlach op hun kop."

Johnny Jansen oer Feyenoord en Grins:

Dochs gie de dei nei it berikken fan de heale finale fan it bekertoernoai de knop om by de technyske stêf. It fizier is no rjochte op FC Groningen. Jansen: "De noordelijke derby leeft bij mij zeker. Ik kan me de goal van Alves nog wel herinneren en de goal van Paul Bosvelt. We hebben in Groningen een keer 3-3 gespeeld, met drie goals van Morten Thorsby. Dat zijn altijd mooie wedstrijden. Maar weet je wat zo jammer is: zo'n derby moet ook met supporters en met de uitsupporters erbij. Dat is nu niet zo, je zit in je eigen bubbel."

De wedstriid SC Hearrenfean - FC Groningen begjint sneintemiddei om 14.30 oere en is live op de radio te folgjen yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar wurdt fersoarge troch Arjen de Boer.

We gaan weer wat uit de hoge hoed toveren.

Johnny Jansen

Tsjin Feyenoord hie Jansen in taktysk plan betocht dat geweldich útpakte. Mei Halilovic dy't wat mear oan de linkerkant fuotballe, wêrtroch't Rami Kaib foar oanfallende ympulzen soargje koe. Tsjin de Grinzers hat Jansen wat nijs betocht, al lit er him net yn syn kaarten sjen.

"We gaan weer wat uit de hoge hoed toveren", laket er. "Groningen heeft een interessante speelwijze en zal zeker met ons de strijd willen aangaan. Verdedigend hebben ze het goed voor mekaar. Het is leuk om er met elkaar over te praten hoe we dat gaan oplossen. Hoe gaan we hun mogelijkheden beperken en waar liggen onze kansen? Daar hebben we zeker alweer over nagedacht."

Siem de Jong:

(Advertinsje)
(Advertinsje)