Lilianne Ploumen (PvdA) yn It Polytburo: kabinet-Rutte III hat te min dien foar it Frysk

19 feb 2021 - 22:45

It kabinet-Rutte III hat de ôfrûne jierren te min oandacht én jild hân foar de Fryske taal. Dat seit PvdA-listlûker Lilianne Ploumen yn It Polytburo. It kabinet is fierstente bot in rânestêdkabinet, en as de PvdA yn de regearing komt, sil dat feroarje, seit Ploumen.

Lilianne Ploumen oer ûnder oare it Frysk, de Lelyline en gaswinning:

Net allinnich it Frysk, mar ek it Nedersaksysk en it Limboarchsk fertsjinje oandacht, fynt Ploumen. "De talen verdienen bescherming. Het wordt minder gesproken, kinderen krijgen het minder mee. Dat is toch jammer." De Rie fan Europa fynt dat der mear dien wurde moat foar lytsere talen, mar dêr komt net in soad fan terjochte. Ploumen wol dat feroarje. "Ik ga me ervoor inzetten, mocht de PvdA onderdeel van een nieuw kabinet worden, dat we die afspraken gaan eerbiedigen."

Mear omtinken foar de regio, en dus ek foar Fryslân, betsjut ek dat direkt yn de folgjende kabinetsperioade in begjin makke wurdt mei de oanlis fan de Lelyline. Want dat spoar komt der, seit Ploumen.

Oare partijen ha de oanlis fan de spoarferbining yn har ferkiezingsprogramma opnommen. Tagelyk waard fan 'e wike ek dúdlik dat der noch in soad ûnwissigens is oer de Lelyline. Sa is bijgelyks it trasee noch net fêststeld. Dat is nedich om in realistyske begrutting foar de oanlis te meitsjen. En de Lelyline kostet miljarden. Wêr moat dat jild weikomme? "Wat ons betreft bij miljonairs en multinationals", seit Ploumen.

De kommende wiken sjocht It Polytburo foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Lilianne Ploumen wie nei Wopke Hoekstra (CDA) en Lilian Marijnissen (SP) de tredde gast yn dizze rige.

De wize wêrop't lieding jûn wurdt oan Nederlân, moat oars. Dat is it boadskip fan de Partij van de Arbeid yn it ferkiezingsprogramma. En wannear't we fan corona ôf binne, moat de regearing net besunigje, mar ynvestearje. Wat de PvdA oanbelanget moatte der miljarden om banen te behâlden en de ekonomy earliker en duorsumer te meitsjen. Der moat jild nei wenjen, ûnderwiis, ynfrastruktuer, ûndersyk en ynnovaasje. Mar wat betsjut dat foar Fryslân?

Wenjen en wurk

Der is in grut tekoart oan hûzen yn Nederlân. Dat tekoart is de ôfrûne jierren oprûn mei 150.000 wenningen. De PvdA wol alle jierren 100.000 nijbouhûzen om wat oan dy tekoarten te dwaan. Dêrby wolle se korporaasjes en gemeenten helpe. Gemeenten krije in talage foar alle extra hûzen dy't se foar 2025 bouwe.

Hûzen moatte benammen geskikt wêze foar starters en foar âlderen. De PvdA wol starters mei in preemje helpe om makliker in earste nijbouwenning te keapjen. Dêrnjonken wol de partij mear hûzen ha wêryn't âlderen langer wenjen bliuwe kinne.

It ferlet fan hûzen is grut yn de stêden, mar yn oare regio's lûke minsken just fuort. Om dat foar te kommen, wol de PvdA jild stekke yn de foarsjenningen dêr. Soarch, ûnderwiis en winkels moatte dêrtroch behâlden bliuwe yn dy regio's. As gebouwen leech steane, moatte dy in nije funksje krije.

Fierder wol de partij dat Rykstsjinsten lykas útfieringsorganisaasjes, de belestingtsjinst, finzenissen, DUO en it UWV safolle mooglik oer it lân ferspraat wurde. Dat moat de wurkgelegenheid yn de regio fergrutsje.

Berikberheid

Om derfoar te soargjen dat it Noarden goed berikber bliuwt, en dat we út Fryslân maklik op oare plakken komme kinne, wol de PvdA soargje foar goede ferbiningen yn it iepenbier ferfier. De stêd en it plattelân moatte goed mei elkoar ferbûn wêze. En foardat in nijbouwyk boud is, moatte der goede fytspaden, diken en iepenbier ferfier-ferbiningen lizze.

Der moatte net allinnich genôch ferbiningen komme, mar dy moatte ek rap, duorsum en betelber wêze. De PvdA wol dêrom, lykas hast alle partijen, dat de Lelyline oanlein wurdt.

Soarch yn de regio

Trochdat in protte soarchtaken fan it Ryk oergong binne nei de gemeenten, sitte in protte gemeenten mei jildkrapte. Dat jildt ek foar hast alle gemeenten yn Fryslân. En dan binne der ek noch plannen om it jild út it gemeentefûns opnij te ferdielen, wêrtroch't in soad Fryske gemeenten der noch mear op achterút geane.

De PvdA wol dêrom mear jild stekke yn dat gemeentefûns. Gemeenten moatte kompensearre wurde foar de útjeften yn it sosjaal domein. Want it idee om de soarchtaken oan de gemeente te jaan, wie omdat gemeenten better witte wat nedich is. Mar dan moatte se wol de finansjele mooglikheden ha, seit de PvdA. Dêrom wol de partij net mear besunigje op it gemeentefûns. Fierder wol de PvdA struktureel ekstra jild nei jeugdhelp.

De partij wol ek dat de wachttiid op spoedeaskjende help op gjin inkeld plak yn Nederlân langer as 15 minuten is. Dy noarm bepaalt dan ek wêr't de spoedeaskjende-help-posten binne. Dy meie ek net slute om finansjele redenen, as it oan de PvdA leit. Datselde jildt foar regionale sikehûzen. Dy moatte berikber bliuwe.

Lânbou, miljeu, natuer en boaringen

De PvdA wol de stikstofútstjit yn 2030 mei de helte werom ha. Stikstof is net goed foar de natuer. Omdat de lânbou foar in grut part ferantwurdlik is foar de stikstofútstjit, wol de PvdA dat de feesteapel minder grut wurdt en dat Nederlân oerstapt op natuerynklusive sirkulêre lânbou. In protte boeren wurkje al sa.

Boeren moatte wol holpen wurde, seit de PvdA, en dêrom moat der in fûns komme. De partij wol ek feehâlderijen útkeapje, subsydzjes jaan oan bistefreonlike en klimaatneutrale lânbou en gjin subsydzjes mear nei yntinsive feehâlderij. Boeren moatte wol hegere prizen krije foar har produkten, as it oan de PvdA leit.

De partij wol fierder de natuergebieten oan de kust beskermje en dêr net bouwe, as it net hoecht. Wol wol de PvdA ynvestearje yn de wurkgelegenheid yn de Noardlike kuststreek. Der moat jild nei inisjativen as Holwert oan See en Sense of Place.

Der moat ek gjin gas wûn wurde yn de Waadsee. Dat kin as Nederlân minder ôfhinklik wurdt fan gas. Ek it boaren nei sâlt yn it Waadgebiet moat net tastien wurde.

Mei de provinsje Fryslân wol de PvdA it feangreidegebiet ynrjochtsje as nasjonaal park.

Fryske kandidaten

Op it stuit hat de PvdA gjin Fryske Keamerleden, mar de kâns is grut dat dat feroaret. Habtamu de Hoop fan Easterein stiet op plak njoggen. Yn it gemiddelde fan de peilingen komt de PvdA no út op tusken de 12 en 14 sitten. De Hoop is net de iennige Fryske kandidaat op de list: Christa Oosterbaan fan Skylge stiet op plak njoggentjin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)