Nederlânske toeristen witte Fryslân al betiid te finen

19 feb 2021 - 19:05

Nederlânske toeristen boeke dit jier earder har fakânsje op campings en bungalowparken yn Fryslân as oare jierren. En se boeke ek foar langere perioades. Ferskate campings sitte no foar de maitiidsfakânsjes en de simmer al behoarlik fol, wylst it noch mar mids febrewaris is.

Betide boekings yn rekreaasjesektor

Neffens regiomanager Petra Ellens fan de brânsjorganisaasje HISWA-Recron komt de grutte tarin op de campings en bungalowparken foaral troch de coronamaatregels, wêrtroch't we noch net nei it bûtenlân kinne. En minsken wolle der dochs graach út. Boppedat is it in soad minsken ferline jier goed befallen yn Fryslân. Ut it bûtenlân, foaral út Dútslân, komme hast gjin boekingen binnen.

Petra Ellens fan HISWA-Recron

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De ferhier fan boaten rint tige goed. Ek dêrby hiere minsken faak foar langere perioades as gewoanwei, bygelyks foar in hiele wike yn plak fan in wykein.

Folle minder stiet it derfoar foar de groepsakkommodaasjes. Dy sektor hat in striemin jier achter de rêch en sit no ek mei in blanko boekingsboek, fertelt Ellens.

Noch noait sa drok hân

Wouter van der Veen fan fakânsjepark de Bosrand yn Aldemardum hat it noch noait sa drok hân mei boekingen yn dizze tiid fan it jier. Neffens him begûn dat eins al nei de fakânsje fan ôfrûne simmer. Doe wie it tal boekingen foar takom jier al in stik heger al gewoan. Van der Veen sprekt no al fan in slagge seizoen.

Safier wol Wouter Bleckman fan rekreaasjepark De Kuilart yn Koudum net gean. Mar sjoen de boekingen dy't hy al binnen hat foar de maaiefakânsje, pinkster en de simmer sprekt er wol fan in hiel goed begjin fan 2021.

Eigen sanitêr populêr

Beide manlju sjogge dat foaral de akkommodaasjes mei eigen sanitêr hiel goed rinne. Fakânsjemooglikheden foar akkommodaasjes dy't gebrûk meitsje fan de sintrale dûs- en toiletblokken binne der noch genôch te finen.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie op campings yn Aldemardum en Koudum

(Advertinsje)
(Advertinsje)