Himpknippers yn Drachten feroardiele ta in moanne selstraf

19 feb 2021 - 18:12

In 54-jierrige Albaniër moast freed foar de rjochter komme fanwege it knippen fan himp yn Drachten. Yn novimber die de plysje in ynfal yn in hûs oan de Voorhuis fanwege in himpkwekerij. Yn it hûs stiene 473 himpplanten. De Albaniër wie mei in oare fertochte fan 41 jier planten oan it knippen. De beide knippers hawwe fan de rjochter in moanne selstraf krigen. De oare fertochte wie net op de sitting.

Rechtbank Noord-Nederland - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Albaniër wennet yn Hamburg en wurke as sjauffeur, mar troch corona kin hy syn wurk net dwaan. Hy wie yn Ljouwert by in freondin. Troch himp te knippen koe er moai wat byfertsjinje, sa tocht er. De Albaniër snapte net dat himp wol kweekt wurde mei yn Nederlân, mar net ferkocht wurde mei.

De plysje die de ynfal op 5 novimber nei tips fan omwenners. De wenning yn Drachten stie op namme fan in frou út Ljouwert. De offisier fan justysje easke twa moannen sel, mar de beide fertochten krigen dus in moanne oplein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)