Muzykgebou Dokkum fljocht opnij yn de brân: twadde kear yn ien dei

19 feb 2021 - 17:45

De brânwacht fan Dokkum is opnij útriden nei in muzykgebou dat earder op de dei yn de brân stien hie. Der wie fjoer ûntstien yn de resten fan it gebou.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Moarns betiid wie der in koarte fûle brân yn it muzykgebou. Yn earste ynstânsje waard tocht oan brân yn de âlde sporthal oan de Hoedemakersweg. It blykte lykwols te gean om it âlde gebou fan muzykferiening DoMoKu. Dat is folslein ferlern gien.

Middeis wiene de flammen minder grut. De brânwacht hat it fjoer gau útmakke.

Trefwurden: 
brân Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)