Fertochte (58) oanholden foar ynbraak yn sikehûs Nij Smellighe

19 feb 2021 - 17:41

De plysje hat in man fan 58 jier sûnder fêst ferbliuwplak oanholden foar de ynbraak yn it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe. By de ynbraak is neat bútmakke, mar binne wol fernielingen plege.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De fernielingen soene plege wêze oan de doarren, ûnder oare by de Ried fan Bestjoer en de Technyske Tsjinst. De ynbraak wie yn de nacht fan woansdei op tongersdei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)