Fryske dokters meitsje balâns op: iiswykein easke tûzen slachtoffers

Sawat ien op de tûzen Friezen sit mei in brutsen bonke thús, nei it iiswaar fan foarige wike. Dat blykt út sifers fan de Fryske sikehûzen. It tal minsken dat dêr mei in brutsen bonke binnenkaam, wie yn it ôfrûne wykein fjouwer kear grutter as normaal.
© SRFotografie
Doe't oan it begjin fan de wike it oantal operaasjes oprûn, waard der al tocht dat it oantal pasjinten noch tanimme soe. De dokterswacht koe de dokte yn it wykein net oan.

"Een indrukwekkend weekend"

Traumadokter Jeroen Poos wurke dit wykein yn it MCL yn Ljouwert. Hy is ek oansletten by Heelkunde Friesland. Dy koöperaasje hat de sifers sammele fan it iisletsel yn Fryslân. "Het was een indrukwekkend weekend", seit Poos.
"In heel Friesland hebben we 626 patiënten met botbreuken en gewrichten uit de kom geholpen. Als we dan ook de kneuzingen meerekenen gaan we richting de 1000 patiënten."
De measte breuken binne polsbreuken. "Er zijn 320 polsbreuken geconstateerd, dat is dus meer dan de helft van alle patiënten". Op it twadde plak stean heupbreuken en breuken yn it skouder. It tredde plak giet nei pasjinten mei earmtakkeletsel.

Goeie sfear

Sneon wie de drokste dei fan it wykein. By sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten moasten pasjinten bûten wachtsje en by it MCL stie in file fan auto's. "Maar er hing een goede sfeer", seit Poos.
"Iedereen had mooie verhalen te vertellen, mensen hadden een mooie dag. Het letsel hadden ze er wel voor over". Yn it MCL wie in spesjale rûte oanlein foar de minsken dy't op it iis ferwûne rekke wiene. "Daardoor stonden deze mensen ook mooi bij elkaar en deelden ze hun verhalen".
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Fan alle pasjinten moasten der 73 direkt opereard wurde. "Er zijn ook 150 uitgestelde operaties, die moeten we nog behandelen", seit Poos. De iispasjinten hawwe wat ekstra druk op de soarch feroarsake, mar it is neffens Poos net problematysk. "We konden het aan, vooraf hadden we al extra personeel ingezet".
De ferklearing fan it tal ferwûnen is benammen it minne iis west, seit Poos, mar der wie mear. "De mensen zijn er ook massaal naartoe gegaan. Dat nemen we ze zeker niet kwalijk. Een collega heeft zaterdag de hele dag patiënten geholpen en heeft op zondag de Elfstedentocht gereden".