Rykswettersteat brûkt ûndersyk foar werombringen seegers yn Waadsee

19 feb 2021 - 16:49

Rykswettersteat wurket oan in oanpak om seegers werom te bringen yn de Waadsee. In nij ûndersyk fan it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) en Wageningen Marine Research (WMR) hat dêr nije hânfetten foar opsmiten. Seegers is wichtich, bygelyks as kreamkeamer foar jonge fisken en as fretten foar fûgels.

Foto: Shutterstock.com (Alex Coan)

It docht bliken dat oft seegers it goed docht te krijen hat mei de kwaliteit fan wetter en ôfsettingen en de beweging fan it wetter. Oarsom beheint fersmoarging troch kadmium, ammoniak en in soad swevende stof it weromkommen fan de plant.

Ferdwûn

Sa'n 100 jier lyn kamen seegerzen noch in soad foar yn de Waadsee. Tichte seegersfjilden joegen beskutting oan alderhande soarten. Mar troch it oanlizzen fan de Ofslútdyk, troch sykten en troch de minne wetterkwaliteit is it seegers yn de Nederlânske Waadsee ferdwûn. Rykswettersteat besiket it werom te bringen.

De ûndersikers hawwe in oantal advizen jûn. Sa moat de klam lizze op de beskerming fan jonge planten, dat is de meast kwetsbere faze. Ek soe der ûndersyk dien wurde moatte nei de ûnderlagen op plakken dêr't wol seegers groeit. Minsklike aktiviteiten en foar seegers giftige stoffen yn it wetter moatte beheind bliuwe. En ta beslút soe yn kaart brocht wurde moatte wêr't seegers it bêste groeie kin. Dêr kinne minsklike aktiviteiten wer op oanpast wurde.

Rykswettersteat sil de útkomsten brûke foar it werstellen fan seegers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)