Justysje leaut ferklearring net fan Drachtster dy't ynried op oaren: "Kletsverhaal"

Justysje easket hûndert oeren wurkstraf tsjin in man út Drachten, omdat dy mei syn auto yn Ljouwert bewust ynriden wêze soe op in groepke manlju. De fertochte hie koart dêrfoar wurden hân mei de manlju.
Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Hy seit sels dat it net mei opsetsin gebeurde, mar dat er ûnder it riden siet te prutsen mei syn autogurdel. Boppedat ried er yn in automaat en wie er dat net wend. Sadwaande hie er syn oandacht net op de dyk.
De plysje seach de Drachtster letter op in oar plak yn Ljouwert. Hy sei dat er fan doel wie om him te melden by de plysje. Justysje leaut der neat fan. "Een volstrekt kletsverhaal", sei offisier fan justysje Eelco Jepkema. Njonken de wurkstraf easket er dêrom ek in rydûntsizzing.