Ljouwerter berne-opfang Aurora ticht om coronabesmettingen

Hast twa wiken nei't de berne-opfang wer iepen mocht, moat in lokaasje yn Ljouwert alwer ticht. By berne-opfang Aurora binne seis besmettingen mei it coronafirus en dus moatte 85 bern foarearst thúsbliuwe.
Berne-opfang Aurora yn Ljouwert © Eigen foto
De besmettingen kamen ferline wike oan it ljocht. In personielslid teste posityf wêrnei't oare meiwurkers om in coronatest gienen. Dêrút kamen noch twa besmettingen boppe wetter. Ut foarsoarch hawwe guon âlden harren bern dizze wike al thús hâlden. Ek trije bern testen posityf op it coronafirus.

"Verschrikkelijke situatie"

Der wurkje fjirtjin minsken by de berne-opfanglokaasje oan de Floris Versterstrjitte. Aurora is in lytsskalige berne-opfang foar bern tusken de 0 en 12 jier âld. Op advys fan de GGD hat lokaasjehâlder Linda van der Molen besletten dat Aurora earst oant 1 maart ticht bliuwt. "Het is een verschrikkelijke situatie, net nu we open zijn. We zijn ontzettend geschrokken", seit Van der Molen.