Fakbûn sjocht gjin ein oan aksjes yn metaal: moandei wer staking yn Fryslân

19 feb 2021 - 15:18

Personielsleden fan Meijer Metal yn Sint Jabik, Damen Shiprepair en Icon Yachts yn Harns en Neways yn Ljouwert lizze moandei foar 24 oeren it wurk del. De wurknimmers dogge mei oan in estafettestaking foar in bettere CAO. It is de achttjinde dei dat metaalwurkers aksjefiere.

Foto: ANP

De aksjefierders wolle mear lean as it foarstel fan de wurkjouwers. Wurkjouwersorganisaasje FME seit dat stake net helpe sil. De wurkjouwers sizze dat se in CAO-foarstel dien hat dat rjocht docht oan alles dêr't it personiel oer klaget en dat ek rekken hâldt mei de belangen fan it personiel wilens en nei de coronakrisis.

Trefwurden: 
metaal staking CAO
(Advertinsje)
(Advertinsje)