Tal nije coronabesmettingen opnij boppe trochsneed, provinsjaal en lanlik

19 feb 2021 - 15:30

It RIVM meldt freed 219 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 34 mear as tongersdei. Doe wiene it 185. De ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 164 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Earder op de dei waard dúdlik dat der yn de ôfrûne wike krekt wat minder Friezen posityf test op it coronafirus as in wike earder ferline wike. Mar dat stimt GGD Fryslân noch net hoopfol. It is gjin goed teken dat de sifers net substansjeel nei ûnderen gean, seit de GGD

De measte nije besmettingen binne yn de ôfrûne 24 oeren meld yn de gemeente Ljouwert, mei 52. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (34) en De Fryske Marren (22).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Ljouwert en Smellingerlân.

Der binne ek twa Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus. It giet om twa minsken út de gemeente Ljouwert.

Lanlik

Lanlik binne der 4.761 nije coronagefallen meld. Dat is ek boppe trochsneed, want dat is dizze wike 3.703.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfrryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)