Utspraak jûnsklok oer in wike, maatregel bliuwt oant dy tiid fan krêft

De rjochter docht pas nije wike yn heger berop útspraak oer de juridyske basis fan de jûnsklok. In eardere útspraak soe 'te snel' wêze. Dat sei de foarsitter fan it hôf. De jûnsklok bliuwt yn alle gefallen fan krêft oant de útspraak, op 26 febrewaris.
© ANP
Foaroanman Willem Engel fan Viruswaarheid neamt it "een vreemde gang van zaken" dat de útspraak in wike op him wachtsje lit. "Eerder deze week was er ontzettende haast, nu moeten we een week wachten." De foarsitter fan it hôf sei "grondig" oer de kwesty neitinke te moatten.
De Earste Keamer praat noch oer in spoedwet dy't de maatregel juridysk mooglik meitsje moat, as de rjochter beslute soe dat de wize wêrop't de maatregel no ynfierd is net wettich is. It sjocht der nei út dat dy spoedwet der wol komt. In grutte mearderheid fan de Twadde Keamer hat der al mei ynstimd.
By de rjochter sei de lânsadvokaat dat de jûnklok goed neilibbe wurdt yn Nederlân, en dat de effekten fan de maatregel sjoen wurde kinne op de IC's fan sikehûzen.
Saakkundigen sizze dat de epidemiologyske sitewaasje yn it lân fragyl is. Dat stiet yn it OMT-advys dêr't it kabinet fan útgien is. Nije firusfarianten nimme it oer fan de earste fariant.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de jûnsklok