Freedsmerk oer reedrydmisser Hoekstra: "Gjin probleem as it Haachsk jild opsmyt"

19 feb 2021 - 14:03

"As Wopke der foar soarget dat Thialf tenei ek jild út Den Haag krijt, sjogge we it troch de fingers dat er dêr in rûntsje mei Sven Kramer ried." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de opskuor dy't ûntstie nei't CDA-listlûker Wopke Hoekstra tongersdei op it Feanster iis stie, wylst dat eins allinnich foar topsporters tastien wie.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Net op elke slak sâlt lizze", waard ek faak sein en ek wie der de fersuchting dat der dochs wol oare kwestjes binne om je drok om te meitsjen.

Fansels wiene der ek oare, lilkere reaksjes: "Bobo's meie wat mear as wy. En as dy lju tinke dat se boppe ús stean, dan is dat moai foar harren, mar ik ha der begrutsjen mei!" Neffens de poelier hie Hoekstra witte moatten dat hjir praat fan komme soe. "En dat se it in wurkbesite neame, feroaret dêr neat oan." In oar fûn ek dat hy "better syn ferstân brûke moatten hie", en "in wurkbesite kin ek rinnend, dochs?"

Ek begryp

Hoekstra koe ek op begryp rekkenje. "De man is in rider. Hy wie dêr en der lei iis, dus..." Mar ek: "Hy hie de redens fansels fan ferline wike noch yn 'e auto lizzen." In oar woe ek net al te kritysk wêze. "Ik doch ek wolris wat dat net yn 'e heak is!" De meast opmerklike opmerking wie miskien wol: "Wopke Hoekstra, is dat een bekende Fries ofzo? Ik ken hem niet, maar ik kom dan ook uit Noord-Holland."

Hoekstra hat ûndertusken ekskuzen makke foar syn aksje. "Dat had ik niet moeten doen."

De Ljouwerter freedsmerk oer it iisdebakel fan Wopke Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)