Plysje hâldt trije minsken oan by ynfal yn drugslab Minnertsgea

19 feb 2021 - 15:28

De plysje hat yn Minnertsgea in drugslaboratoarium oprôle oan de Lange Dyk. Freedtemoarn hat de plysje dêr in ynfal dien. Dêrby binne trije minsken oanholden. Yn it drugslab waard amfetamine makke.

Drugslab Minnertsgea

Doe't de plysje de ynfal die, wie it drugslab noch yn wurking. Der wienen trije minsken, dy binne oanholden. It giet om in frou fan 71 út de gemeente Waadhoeke, in man fan 50 sûnder fêst wenplak en in 41-jierrige man út Deventer. It is noch net dúdlik watfoar rôl sy hienen. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

Ek de saneamde Dienst Speciale Interventies (DSI) wie by de ynfal belutsen. Der is ek in pânsere wein en in plysjehelikopter by ynset.

Foto: SRFotografie
(Advertinsje)
(Advertinsje)