Hoekstra hie 'net goed neitocht' oer rûntsje Thialf: "had ik niet moeten doen"

19 feb 2021 - 10:35

CDA-lieder Wopke Hoekstra jout ta dat er ferkeard siet, doe't er by in besite oan Thialf sels de redens ûnder bûn. Binnendoar sporte is fanwege de coronamaatregels allinne foar topsporters tastien. Hoekstra hie dêr 'net goed oer neitocht', seit er no.

In foto fan in reedridende Wopke Hoekstra yn Thialf rôp op Twitter in protte fernuvere en lilke reaksjes op. De CDA-listlûker wie tongersdei op wurkbesite yn it Feanster iisstadion en bûn dêr de redens ûnder mei Sven Kramer. Dat wylst it fanwege it coronafirus al moannen ferbean is om binnen te sporten. Thialf is ek sûnt mids oktober al ticht foar rekreanten.

Minister Van Ark begrypt de ophef oer de tweet fan minister Hoekstra. "Dit kan echt niet. Ik snap dat het verleidelijk is, maar de binnensportlocaties zijn dicht en dit had niet mogen gebeuren."

"Dit was misschien een beetje dom", seit de minister fan medyske soarch. Se fynt it "heel wrang, omdat we zo graag met zijn allen uit deze situatie willen komen. Dat betekent dat we een beetje geduld moeten hebben."

(Advertinsje)
(Advertinsje)