Ried Achtkarspelen wol oantrúnje op wynmûnen yn bûtengebiet

19 feb 2021 - 10:28

Lytse wynmûnen moatte tastien wurde yn it bûtengebiet fan Achtkarspelen. Dêr hat de gemeenteried tongersdei in moasje foar oannaam. Dy wynmûnen soene komme moatte by bedriuweterreinen, parkearplakken en eardere buorkerijen.

In wynmûne op in boerehiem - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens de ried kin der mei sinnepanielen net genôch enerzjy opwekke wurde, mar mei mûnen wol. Dêrom soe it kolleezje der by de provinsje op oantrúnje moatte om pleatsing fan mûnen mooglik te meitsjen.

Alle fraksjes wiene foar it foarstel, útsein de FNP en PVV. De moasje wie in inisjatyf fan CDA, ChristenUnie, Gemeentebelangen Achtkarspelen en VVD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)