Oerâlde kanonskûgel bewiis foar fjochterij by Sytzamastins yn Warns

19 feb 2021 - 09:03

Archeologysk ûndersyk befêstiget dat der eartiids fochten is by de Sytzamastins yn Warns. Der wurdt op it stuit ûndersyk dien nei de stins, dy't oan de ein fan de fyftjinde iuw it striidtoaniel wie fan rûzjende Skieringers en Fetkeapers. "Er is hier ook echt gevochten, daar hebben we ook aanwijzingen van gevonden. Meteen op de eerste dag vonden we al een grote kanonskogel van steen", seit archeolooch Janneke Hielkema fan RAAP Archeologisch Adviesbureau.

Sytzamastins

Oannaam wurdt dat de striid gie tusken Jelmer Ottes Sytzama, dy't tegearre mei syn frou Ats Bonningha de stins bewenne, en Douwe Geales Galema. Doe't Galema om 1490 hinne ek in stins bouwe liet, ûntstie der rûzje.

In kanonskûgel by de stins - Foto: RAAP Archeologisch Adviesbureau

Sytzama wie in Skieringer, Galema in Fetkeaper. Doe't Sytzama by famylje yn Snits wie, iepene Galema de oanfal. "De Galema's dachten dat het dan makkelijker zou gaan, maar Ats Bonningha hield moedig stand tot de hulptroepen uit Sneek kwamen. Toch hebben ze uiteindelijk de strijd verloren", fertelt Hielkema.

Mei de grûn lyk makke

Jelmer Ottes Sytzama waard op de weromreis finzen naam troch de Galema's en Bonningha soe him allinnich libjend weromsjen as se har oerjaan soe. Hjirnei is de stins mei de grûn lyk makke, wêrtroch't net ien mear wist wêr't dy no krekt stien hat. It ferhaal fan de stins wie lykwols wol goed bekend by histoarisy. Yn âlde dokuminten is yn detail beskreaun wat der dy dei krekt bard is. No komt dêr lang om let ek taastber guod fan út de grûn.

Rûnwei

Om't der plannen binne foar in rûnwei by Warns, is der in oantal boarringen dien om te sjen oft der archeologyske fynsten yn de grûn sitte. Sa kamen Hielkema en har kollega's derachter dat dit yndied it plak is dêr't de stins stien hat. No wurdt de grûn hielendal trochsocht nei fierdere restanten fan dy tiid. Dêrnei sil der net safolle mear werom te sjen wêze: de rûnwei, dy't yn de hjerst fan 2022 klear wêze moat, komt presys oer it âlde plak fan de stins hinne.

Archeolooch Janneke Hielkema

Trefwurden: 
archeology Warns Sytzamastins
(Advertinsje)
(Advertinsje)