Kollum: "Ferhaaltsje foar it sliepen gean"

19 feb 2021 - 08:16

"Binne jim ek sa bliid wurden fan it hearlike winterwaar dat we hân ha? It wie sa noflik om bûten te wêzen! En ek al bin ik net sa'n grut talint op redens, it is dochs altyd moai om te dwaan, hielendal as ik ien kear de slach te pakken krij. Mar it iis wie hjir bêst wol min en dêr ik doarde ik my net oan oer te jaan. Dochs ha ik fan elke meter geniete!

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It wie bysûnder om it gefoel fan echte frijheid wer ris te fielen! Foar in pear dagen rekke de lockdown nei de achtergrûn en hie elkenien dy't bûten wie, en neat brutsen hat, in soad wille. Ik ha my ek slop lake om al dy maffe snie- en iisfilmkes en my fernuvere oer de bikkels dy't healneaken yn 'e snie dûkten of swommen yn iiskâld wetter. Super stoer en moai om te sjen!

Machtich folk, dy Friezen, ha ik gauris tocht. Fol fjoer as it winter is, mei it iis as ferbinende faktor. It ferbynt de plakken yn ús provinsje, it ferbynt ús mei de eleminten fan de natoer en dizze kear ek mear as ea tefoaren mei elkoar. Foar salang't it duorre, fûn ik it sa gesellich en besefte ik my wat we al in moai skoft misse. Komst op 't heden amper mear in harsens tsjin op 'e dyk, mar ien kear op it iis kaam it sosjale libben samar wer op gong.

In eintsje opride mei de ien, in praatsje mei de oar, op de foto mei de bern en dat allegear sûnder mûlkapkes en desynfeksjegel. It fielde waarm en minsklik mar ek sûn. Mei 'sûn' doel ik op it libben yn de frisse bûtenloft, mar ek op it feit dat alles wat we diene net ûnder in fergrûtglês lei. Hoe oars is it no, amper in wike letter. It praat oer in Alvestêdetocht is net mear nijsgjirrich dus no giet it wer oer de jûnsklok, de polityk, faksins en wit ik wat mear, mar ik kin der mar min in reade tried yn gewaarwurde.

Eins wol ik my der hielendal net mear mei dwaande hâlde, want ik ha myn nocht fan al dy ferhalen! Net of dochs al de jûnsklok? Binne de faksins al of net feilich en hoe sit it no mei de bywurkings? En wêrom hoegde ik lêst net te testen wylst der wol hieltyd reklame foar makke wurdt? Twa wiken lyn wie ik net hielendal fit, mar ik wie ek net echt siik. Ik wie ek net ferkâlden mar hie al it gefoel eat ûnder de lea te hawwen.

Sadwaande belle ik op in dei mei de GGD en die ik myn ferhaal út 'e doeken. Mar omdat ik eins gjin klachten út it rychje hie, hoegde ik net te kommen. Dochs ha 'k my al efkes koest holden en gong ik de dyk amper út. Doe't we it iis op koene, fielde ik my lokkich wer better en krige ik as fansels mear enerzjy.

Ut en troch sjoch ik noch wolris in pear fan dy winterfilmkes en dan ferskynt der in grutte glimk op myn gesicht, sels mei it suterige waar fan de ôfrûne wike! Mar sûnt ik de frijheid wer preaun ha, ha ik slim ferlet fan dúdlikheid yn stee fan al dy tsjinstridige berjochten!

Ik ha my sa goed mooglik oan alle regels holden, mar it froastwaar hat my op in bepaalde manier ûntteid en wekker skodde út in wintersliep dy't hast in jier duorre hat. En der sil immen mei in hiel knap ferhaal komme moatte foardat ik op 'e nij yn sliep falle kin!"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)