Jild foar Fries Audio Archief: "Sa'n wearde, dat kinne we hast net útdrukke"

19 feb 2021 - 07:00

De taspraken fan Willem Drees, Douwe Tamminga en Fedde Schurer by de ûntbleating fan it stânbyld fan Pieter Jelles Troelstra by de Aldehou of sprutsen brieven fan in Frysk Bataljon yn Ynje. It is mar in lytse greep út allegearre audiofragminten dy't foar it grutte publyk beskikber wurde. Tûzenen oeren oan muzyk, ynterviews en oare stimmen út it ferline wurde digitalisearre.

Fries Audio Archief

It Fries Film Archief hat dêrfoar subsydzje krigen fan de provinsje. Der binne al histoaryske lûdsfragminten fûn. "Hjir sitte echte pearels tusken", seit Sjouke Nauta fan Friesland Pop.

Fryslân hat in soad audiokolleksjes dy't net of amper bekend binne. Se lizze al jierren yn it argyf fan Tresoar en oare Fryske museums. Dy moatte no foar it publyk nei bûten komme, is de bedoeling.

Collector's item

It argyf moat in de kommende trije jier op tou set wurde. Der wurde allegearre audiofragminten oer bygelyks muzikale hichtepunten op bân set. Sjouke Nauta fan Friesland Pop is tige entûsjast. "Hjir ha wy bygelyks de earste single dy't Wobbe van Seijen útjûn hat. Dat is sowieso al in collector's item. Geweldich dat soks dan foar it grutte publyk beskikber komt."

Sjouke Nauta fan Friesland Pop

Sjouke Nauta fan Friesland Pop - Foto: Omrop Fryslân

It Fries Film Archief hie al langer de dream om audio te argivearjen, mar hie dêr net it jild foar. "We binne bliid dat we dat no krije", seit Syds Wiersma fan it argyf. "De grutte favoryt is foar my dochs wol de taspraak fan Drees by de Aldehou. Dat binne fan dy dingen dy't sa'n enoarme wearde ha, dat we dat hast net útdrukke kinne. Dan is it skande dat soks op de planke lizzen bliuwt. Mar dat komt no dus nei bûten. Wurk oan de winkel!"

Om't it Fries Film Archief him no ek dwaande hâldt mei audio is de namme feroare yn Fries Film en Audio Archief.

Syds Wiersma fan it Fries Film Archief

Syds Wiersma - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)