Suderseeline kaam der net, mar wol kompensaasjejild: wêr is dat bedarre?

Ynienen wurdt der wer oer in rappe treinferbining tusken it Noarden en de Rânestêd praat: de Lelyline. It eardere plan, de Suderseeline, is der nettsjinsteande tasizzings fan it kabinet fan doe, nea kaam. Wol kaam der in flink kompensaasjepakket fan goed 1,5 miljard euro nei it Noarden. Wat binne wy dêrmei opsketten?
© ProRail
Yn de lêste 11 jier is it jild fan it kompensaasjepakket, bedoeld om de berikberens te ferbetterjen en de regionale ekonomy te stypjen, yn hiel Noard-Nederlân útjûn. In ynventarisaasje fan dy projekten lit sjen dat Grinslân it measte krige: goed de helte fan it kompensaasjepakket komt terjochte yn Grinslanner projekten. De oare helte is ferdield oer de provinsjes Fryslân en Drinte en in tal grutte projekten dy't yn alle trije provinsjes barre.

Supertrein nei it Noarden

Al sûnt ein jierren 60 is der in dream fan in supertrein dy't de Rânestêd tichterby komme lit. Drachten moat oansletten wurde op in spoarferbining en de reistiid nei de Rânestêd moat hiel wat koarter wurde.
Yn 2004 sette de bêste kâns om dy dream wier te meitsjen útein, doe't it kabinet in oanbesteging foar de line útskreau en sels al jild reservearre: 2,73 miljard euro waard troch kabinet-Balkenende II frijmakke foar it projekt.
De Suderseeline kaam der lykwols net; yn 2007 sette Camiel Eurlings, doe minister fan Ferkear en Wettersteat, in streek troch it plan. Neffens de minister soene de ynwenners fan it Noarden mear ha oan alternative projekten as oan de Suderseeline sels.

2,67 miljard

De Noardlike provinsjes en it Ryk sprutsen yn in konvenant ôf dat se 2,67 miljard euro krije soene om alternative projekten út te fieren. It Ryk levere 1,8 miljard, de provinsjes sels 670 miljoen. De oare 200 miljard moast by kennisynstellings en tredde partijen helle wurde.
It 'Regiospecifiek Pakket Zuiderzeelijn' moat de regionale ekonomy fersterkje, de berikberens fan it Noarden fergrutsje en kennis en ynnovaasje yn de regio ferbetterje. In tal projekten wurdt yn it konvenant al neamd, bygelyks de oanpak fan de súdlike ringwei by de stêd Grins, it ferfangen fan de rotonde by De Jouwer en it oanlizzen fan in oansluting op de sneldyk en in nij stasjon by Assen.
Dizze projekten stiene al op de aginda foar't it stipepakket kaam, mar wol gie hast de helte fan it jild, sa'n 1,2 miljard euro, nei de projekten.

Kennis en wittenskip

Ut in ynventarisaasje fan de Provinsje Grinslân docht bliken dat, mei troch de 667 miljoen foar de súdlike ringwei, it grutste diel fan it folsleine pakket yn dy provinsje terjochte komt. Goed 1,3 miljard euro gie nei de projekten dy't dêr plakfine.
Ynfrastruktuer fret in grut diel fan it budzjet op, mar wat ek opfalt oan de projekten yn provinsje Grinslân is dat in protte projekten te krijen ha mei wittenskip, kennis en ynnovaasje. Sa giet der 13 miljoen nei it bekende Lifelines-ûndersyk, dat 167.000 minsken jierrenlang folget. Mei de ynformaasje dy't dat ûndersyk opsmyt wurdt sjoen hoe't minsken sûner âld wurde kinne.
Yn Grinslân giet der ek in soad jild nei in ynnovaasjesintrum foar biologyske enerzjy, nei in 'Energy Academy' en nei in ôfdieling fan de Hanzehegeskoalle dy't saaklik talint opliedt.

Fryske Marreprojekt

Yn Fryslân is it byld hiel oars. Fan it folsleine bedrach kaam 431 miljoen euro terjochte by Fryske projekten. Neist de grutte projekten op it mêd fan ynfrastruktuer, sa as it knooppunt De Jouwer (70 miljoen), de berikberens fan Drachten en It Hearrenfean (86 miljoen), giet der goed 46 miljoen euro nei it Fryske Marreprojekt.
Yn dit projekt wurdt in ferskaat oan plakken yn de provinsje oanpakt. Doarpen en stêden yn de hiele provinsje krije in 'facelift' en wurde oanlokliker makke foar de wettersport. Sa wurdt der in passantehaven oanlein yn Balk en yn Makkum wurde de lisplakken yn de binnenhaven ferbettere.

Foaral ynfrastruktuer

Drinte krige sa'n 475 miljoen fan de 2,67 miljard yn it stipepakket. De measte projekten yn dizze provinsje ha te krijen mei ynfrastruktuer, sa as ferbetteringen fan de spoarline Zwolle-Emmen (33 miljoen), lânboutunnels (8,5 miljoen) en nije oanslutings op de N34 (kosten net bekend).
In inkeld oar projekt giet oer it ferstevigjen fan de ekonomy. Sa giet der 121 miljoen nei Assen, Roden, Hoogeveen, Dwingeloo en Emmen foar 'economische projecten op de terreinen energie, water- en sensortechnologie, lifesciences, agribusiness, chemie, toerisme, metaal en scheepsbouw, MKB, arbeidspotentieel, vestigingslocaties en woon- en leefklimaat'.

Qline en Wunderline

Fierder is der 254 miljoen foar projekten dy't yn alle trije provinsjes spylje, sa as in nije sneltrein tusken Ljouwert en Grins (171 miljoen) en nije Qliners op de rûte Assen-Grins (66,5 miljoen euro). Opnij in soad ynfrastruktuer, dus.
In grut projekt foar de ynfrastruktuer dat wol wat wei hat fan de Suderseeline, omdat it ek noch mar de fraach is oft er der ea komme sil, is de Wunderline: in rappe, bettere treinferbining tusken Grins en Bremen. Dêr leit 85 miljoen euro klear foar, mar al sûnt 2015 is der gjin ferbining tusken beide stêden. In troch in skip fernielde brêge is noch hieltyd net makke en dat stiet de Wunderline yn de wei.
De Suderseeline is der dus nea kaam. It nije dreamde project is de Lelyline. Hjiroer berjochten de Noardlike omroppen tongersdei dat it noch mar de fraach is oft dy der wól komt.