Bijenflinterlint en fruitbeammen moatte fûgels mear romte jaan yn Greidhoeke

19 feb 2021 - 06:52

In nij inisjatyf wol ûnder oare de giele hôfsjonger wer mear romte jaan yn Fryslân. De namme seit it al, de fûgel fielt him goed yn in hôf mei fruchtbeammen en eartiids stiene dy der in soad by pleatsen. Fjouwer partijen yn de Greidhoeke wolle dy heechstambeammen en de fûgel wer werom krije op it boerehiem.

Giele hôfsjonger - Foto: Marcel van Kammen

It giet dan om Agraryske Natuerferiening (ANV) de Greidhoeke, Kening, Natuerkoöperaasje Baarderadiel en it boargerinisjatyf Bijenflinterlint & EcologischBermBeheer.

Der wurdt besocht hôven te meitsjen mei fruitbeammen dy't passe yn de streek en dy't in goede biotoop biede foar fûgels lykas de giele hôfsjonger. Troch dat soarte plakken te ferbinen mei bijenflinterlinten yn de bermen, dêr't in soad ynsekten op ôfkomme, wurdt it gebiet foar de fûgels grutter.

Yn 'e mande mei de gemeente Ljouwert binne der al konkrete plannen om in seis kilometer lang bijenflinterlint oan te lizzen by de Boalserter Feart del. Yn it ramt fan de regiodeal natuerynklusieve lânbou soe dat nei de hiele Greidhoeke útwreide wurde moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)