Lytse delgong yn tal coronabesmettingen, wol wer in soad stjergefallen

It tal coronabesmettingen dat de ôfrûne wike fêststeld is yn Fryslân leit krekt wat leger as ferline wike: 1.129 tsjin 1.207. De stjergefallen dy't de ôfrûne wike meld binne troch it RIVM, lizze wol wer heech. It wiene der 39. Ferline wike wienen dat 41.
De yngong fan de testlokaasje yn Drylts © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ferline wike skommelen de besmettingssifers bot. Dat kaam troch it winterwaar. De earste dagen fan dizze wike wie dat net oars. Fanwege koade read wienen de testlokaasjes fan de GGD moandei in skoftlang ticht. Dêrom foel it tal besmettingen guon dagen in stik leger út. Oare dagen siet it tal besmettingen wer flink boppe it deistige trochsneed.
Yn Fryslân waarden de ôfrûne wike gemiddeld 161 besmettingen deis meld. Ferline wike lei dat sifer noch op 172.

Flinke groei yn Ljouwert

De measte besmettingen binne de ôfrûne wike wer meld yn de twa grutste gemeenten fan de provinsje: Ljouwert en Súdwest-Fryslân. Ljouwert hie de measten, mar wol minder as in wike lyn: fan 242 nei 216. Yn Súdwest-Fryslân waarden 180 besmettingen fêststeld, dat wie ferline wike 221.
Omrekkene nei it tal ynwenners bliuwt Achtkarspelen heech. 295 op 100.000 minsken binne dêr dizze wike besmet rekke mei it coronafirus. Dêrnei komt Dantumadiel mei 254. Allinnich Skiermûntseach sit dêrboppe (422 op 100.000), mar dat is in fertekene byld omdat dêr mar sa'n bytsje ynwenners binne. Op it eilân waarden fjouwer besmettingen fêststeld dizze wike.
Mei de 1.129 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 24.437 Friezen it coronafirus fêststeld.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.
It tal stjergefallen troch corona bliuwt heech yn ús provinsje. Dizze wike waarden der 39 meld, krekt wat minder as de 41 fan ôfrûne wike. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.
It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 365. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0