Fernuvering en lilkens oer reedridende CDA-listlûker Wopke Hoekstra yn Thialf

In foto fan in reedridende Wopke Hoekstra yn Thialf hat op Twitter in protte fernuvere en lilke reaksjes opsmiten. De CDA-listlûker wie tongersdei op wurkbesite yn it Feanster iisstadion en bûn dêr de redens ûnder mei Sven Kramer. Dat wylst it fanwege it coronafirus al moannen ferbean is om binnen te sporten. Thialf is ek sûnt mids oktober al ticht foar rekreanten.
Wopke Hoekstra © ANP
Hoekstra wie op wurkbesite yn Noard-Nederlân en skode ek oan by It Polytburo. Dêr fertelde er dat it Ryk wat him oanbelanget serieus sjen moat nei it meifinansierjen fan Thialf, want no draaie de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean op foar de kosten.
Mar Hoekstra prate dus net allinnich oer Thialf, hy ried der ek rûntsjes. De hal is al sûnt oktober allinnich iepen foar topsporters. Thialf-direkteur Marc Winters seit tsjin de LC dat it stadion noch wol yndividuele gasten ûntfange mei: "De ontvangst van de minister moet worden gezien als een toegestaan bedrijfsbezoek, waarbij in plaats van een rondleiding een paar ronden schaatsen is geboden."
De tweet fan de CDA-listlûker smyt al mear as tûzen reaksjes op. De measte minsken binne lilk en freegje har ôf wêrom't Hoekstra wol yn Thialf ride mei, wylst de hal en oare binnensportlokaasjes foar oaren tichtbliuwe.
Hoekstra hat noch net reagearre op de opskuor.