Grien ljocht foar twa sint ekstra foar greidefûgelmolke

De Autoriteit Consument & Markt (ACM) hat grien ljocht jûn foar it djoerder meitsjen fan in pak molke mei twa sinten om dêrmei boeren ekstra te beleanjen as sy mear dogge foar greidefûgels. Dat hat âld-boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone tongersdeitejûn bekend makke op de Fryske greidefûgelkennisdei.
Skries op in pealtsje yn de Blokhússleatpolder © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Crone is mei âld-minister Winsemius, de provinsje en in grut ferskaat oan oare partijen drok dwaande mei it saneamde Grutto Aanvalsplan. Underdiel dêrfan is ek de twa sinten ekstra foar in pak molke, mar dêrfoar moatte al ferskillende partijen mei-elkoar gearwurkje. En dat mei meastentiids net fan de ACM, dy't ûnôfhinklik tafersjoch hâldt op it goed wurkjen fan de merk.
Dat goed wurkjen fan de merk betsjut dat der konkurrinsje wêze moat en dat partijen elkoar net te folle opsykje meie. Yn dit gefal kin de ACM dermei libje, omdat de foardielen op de langere termyn fan in better bioferskaat foar de minske sa grut binne.
De ljurk © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat betsjut noch net dat it plan útfierd wurde kin: de ôfspraken dy't dêrfoar nedich binne, binne noch net makke. Neffens Crone is dizze moanne krúsjaal as it giet om it finen fan jild om útein te setten mei harren 'Aanvalsplan'.

Fryslân en Noard-Hollân

Sy wolle dit jier noch mei fiif oant seis grutte, oaniensletten greidefûgelgebieten úteinsette yn Fryslân en Noard-Hollân. Yn dy gebieten moat safolle mooglik dien wurde om it de skries en oare greidefûgels nei it sin te meitsjen.
Yn de Twadde Keamer is dêrfoar al in grutte mearderheid, mar it ekstra Ryksjild dat nedich is, is noch net regele. By it Agrarisch Natuurfonds Fryslân binne se ek op syk nei jild. Foarsitter Rendert Algra makke dúdlik dat se úteinsette mei in kampanje om noch mear jild op te heljen foar it keapjen fan grûn by boer Murk Nijdam fan Wommels. Dat crowdfunding-inisjatyf rjochtet him op lytse 'pearels' dêr't noch in soad greidefûgels sitte en wol dy foar de takomst feilich stelle.