Spitse wint mei Nederlân ienfâldich fan België

De Nederlânske fuotbalfroulju, mei Sherida Spitse as iennige Friezinne, ha tongersdei mei 6-1 wûn fan België. It wie in oefenwedstriid, dy't spile waard yn Brussel. Spitse die 73 minuten mei.
Sherida Spitse © Orange Pictures
Nei tsien minuten betsjinne Spitse spits Vivianne Miedema, mar dy kopte de bal tsjin 'e latte. Nei in goed healoere skoarde de Miedema wol. De âld-Hearrenfeanspylster skeat de rebound raak nei't Martens ek de latte rekke.
Nei it skoft makke Jill Roord de 0-2. Marie Minnaert brocht de Belgyske froulju werom yn de wedstriid, mar troch goals van Stefanie van der Gragt en Lieke Martens rûn Nederlân út nei 4-1. Nei't Spitse wiksele waard, makke Daniëlle van de Donk ek noch de 5-1 en Renate Jansen de 6-1.
Kommende woansdei spilet Nederlân wer in oefenwedstriid, dan yn Venlo tsjin Dútslân.