Sporthal De Stuit favoryt foar nije brûsplak op De Jouwer

Sporthal De Stuit is as foarkarsfariant nei foaren kommen foar it nije brûsplak op De Jouwer. Dat is tongersdeitejûn bekend wurden op in digitale gearkomste fan de gemeente De Fryske Marren.
Sporthal De Stuit op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Tsientallen kulturele en maatskiplike ferieningen hawwe al in skoft driuwend ferlet fan in plak foar harren aktiviteiten. Der leine trije senario's op tafel: nijbou oan de Sinnebuorren yn it sintrum, nijbou by Swimfun of dat kulturele en maatskiplike ferieningen by sporthal De Stuit ynkomme.
Der binne in soad reaksjes binnenkommen op de trije útstellen en úteinlik is keazen foar sporthal De Stuit. Kommende tiid wurdt noch oerlein mei omwenners en organisaasjes dy't no al gebrûk meitsje fan de sporthal. Sa sit der yn De Stuit in turnhal dy't miskien binnen de hal ferhúzje moat of miskien sels nei in nij te bouwen hal by Swimfun in nij plak krijt. Allegearre saken dy't fierder besjoen wurde sille.

Gemeenteried moat der klap op jaan

De ynvestearringskosten foar de trije senario's fariearje fan 5,6 oant 7,5 miljoen euro. It is no oan de gemeenteried om der in definitive klap op te jaan.
Neffens wethâlder Roel de Jong duorret it noch wol efkes foar't it brûsplak der is. "As it eat is dêr't in hiel protte ferbou of nijbou of wat dan ek oan fêst sit, dan duorret it natuerlik noch in skoft foardat it ek echt klear is."
Wethâlder Roel de Jong fan gemeente De Fryske Marren