Fryske partijen oan Twadde Keamer: soargje foar feilige bussen, it is no te drok

18 feb 2021 - 20:31

Trochdat der fanwege it coronafirus minder bussen ride, sitte de bussen dy't wol ride geregeld foller. Trije partijen yn de Fryske Provinsjale Steaten dogge no in oprop oan de Twadde Keamer om derfoar te soargjen dat reizgers har feilich fiele yn de bus.

Drokte yn busline 70 Sint-Anne - Foto: FNP Steatefraksje

De PvdA, FNP en ChristenUnie meitsje har soargen oer dy reizgers dy't no yn de follere bussen sitte. Se krije klachten fan reizgers dy't har net noflik fiele yn grôtfolle bussen. Minsken ha foto's fan de drokte nei de partijen stjoerd. Wopke Veenstra fan de FNP is skrokken fan dy bylden. Ferfierder Arriva sei doe dat it wol tafoel.

Mooglikheid ha om ôfstân te hâlden

Earder stelden de partijen al fragen oan Deputearre Steaten, mar dy sei dat yn in lanlik protokol stiet dat de folsleine kapasiteit fan de bussen brûkt wurde kin. De PvdA, FNP en ChristenUnie freegje no de fraksjes yn de Twadde Keamer en de kommisje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om dêr opnij nei te sjen. Reizgers moatte de mooglikheid ha om safolle mooglik ôfstân te hâlden.

"We sitte yn in strange lockdown wêryn't it kabinet warskôget foar de besmetlikheid fan de Britske fariant", sizze de partijen. "Dan is it dreech foar reizgers om te begripen dat de oardelmeterregel net jildt yn it iepenbier ferfier."

Wat de risiko's binne om te reizgjen mei de bus, dat moatte saakkundigen mar sizze, mar de partijen begripe dat reizgers har net feilich fiele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)