Wopke Hoekstra: "Lelylijn is een ongelooflijk belangrijke investering"

"Ik kan er kort over zijn. Hij moet er echt komen." CDA-listlûker Wopke Hoekstra fynt dat in folgjend kabinet mei faasje oan de slach moat mei de oanlis fan in snelle spoarline fan Lelystêd oer Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten nei Grins.
Wopke Hoekstra oer Lelyline
Hoekstra: "Ik zie dat als een ongelooflijk belangrijke investering voor het hele land en zeker voor het noorden. Goed voor de bereikbaarheid, voor de leefbaarheid én voor de bouw van veel woningen." Hoekstra is seker fan doel om de Lelyline yn te bringen by de formaasje fan in folgjend kabinet. "Je weet nooit hoe een formatie uitpakt, maar het is de inzet van het CDA dat de lijn er moet komen."
De ferkiezingsbelofte fan Hoekstra slút nau oan by Het deltaplan voor het noorden dat syn partijgenoat Mustafa Amhaouch ôfrûne hjerst lansearre yn de Twadde Keamer. Hoekstra seit dat er him realisearret dat de oanlis fan nije ynfrastruktuer tiid kostet, mear tiid as him leaf is. "Ik ben een wat ongeduldig mens. Beloftes moet je nakomen, het is belangrijk om snel te besluiten."