Trouamtners foarsizze drokte takom jier: "2022 is het jaar dat iedereen gaat trouwen"

18 feb 2021 - 19:50

It is in dreech beslút, trouwe yn coronatiid. Dat fernimt ek trouamtner Carina Roemers út Dokkum. Se hie foar it ôfrûne jier 46 opdrachten stean, mar troch de coronakrisis gong dat troch de helte. Der bleaune 22 opdrachten oer. En dan hat se ek noch gelok hân: "Er zijn mensen die nog maar vijf of zes over hielden", fertelt Roemers.

Trouamtners foarsizze drokte takom jier: "2022 is het jaar dat iedereen gaat trouwen"

It wie net allinnich foar Roemers in drege tiid, ek foar de breidspearen. Dy ha faak grutte plannen, mar dat kin allegear net trochgean no. Ek Stephan en Marloes Osseweijer hiene it dreech. Se wienen fan doel om yn maart te trouwen, mar in pear dagen dêrfoar waard it ôfblaasd. Mar net definityf: "Wij gaan hoe dan ook trouwen, ook al kan er naast ons niemand bij zijn", seit Marloes.

Mar hoe no fierder foar de trouamtners en takomstige breidspearen? Foar elkenien is de situaasje ûnwis en de kommende tiid liket it net folle better te wurden. Mar takom jier wol: "2022 is het jaar dat iedereen gaat trouwen", seit Roemers. Har aginda foar dat jier stiet ek al behoarlik fol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)