Ynbraak by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, neat bútmakke

By sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is op ferskate plakken ynbrutsen. De dieder of dieders soene fernielingen plege ha oan de doarren, ûnder oare by de Ried fan Bestjoer en de Technyske Tsjinst.
© Noordernieuws/De Vries Media
De plysje hat spoaren feilich steld en kamerabylden sjoen. Foar safier bekend is der neat bútmakke, mar binne der dus wol fernielingen.
Op it stuit wol it sikehûs fierder neat sizze. It is ek net bekend oft it sikehûs oanjefte dien hat.