Waadferiening fernuvere: 'Minister ferjit soargen omwenners fan gasfjilden'

18 feb 2021 - 19:10

De Waadferiening is fernuvere oer in konvenant fan de eardere minister fan Ekonomyske Saken, Eric Wiebes, dêr't hy yn taseit him yn te spannen om it draachflak foar lytse gasfjilden te fergrutsjen. Neffens Frank Petersen fan de Waadferiening ferjit de minister sa de soargen fan omwenners.

Gasfjilden

De minister is yntusken ôfgien en opfolge troch demisjonêr minister Bas van 't Wout, mar it konvenant is noch wol rjochtsjildich. It stik waard yn desimber al tekene, mar kaam no oan it ljocht omdat it foar in skriftlik debat nei de Twadde Keamer stjoerd is.

"We wisten dat het bestond, want de minister had in december aan de Tweede Kamer verteld dat het er was. Gelukkig waren een paar Kamerleden wakker die vroegen of hij het dan ook naar de Kamer kon sturen", fertelt Frank Petersen fan de Waadferiening.

Tsjinstân

Neffens Petersen is der grutte tsjinstân tsjin nije gaswinning, ek út lytse fjilden. "Er zijn zoveel mensen in Fryslân die geen nieuwe gaswinningen meer willen onder de Waddenzee, of vlakbij hun dorp. En die telkens een beroep doen op de minister om af te zien van gaswinning, omdat er geen draagvlak is."

De ôfspraken yn it konvenant jilde ek foar de gasfjilden ûnder de Waadsee, seit Petersen. "Het maakt ons extra verbaasd, want Noardeast-Fryslân wil geen gaswinning, de Provincie wil geen nieuwe gaswinning, het Wetterskip heeft er grote zorgen over."

Gau om tafel

De Waadferiening krige al in belofte fan minister Wiebes dat se yn petear soene. "Nu moeten we echt praten, er gaat iets echt fout. De minister laat zich kennelijk in zijn beslissingen leiden door de mijnbouwbedrijven en hoort de politiek protesten en burgerprotesten tegen gaswinning niet meer."

Petersen hopet sa gau as mooglik om tafel te kinnen mei de nije minister Van 't Wout. "Er moet echt iets rechtgezet worden."

Frank Petersen

(Advertinsje)
(Advertinsje)