Wopke Hoekstra (CDA) yn It Polytburo: Ryk moat serieus sjen nei meibeteljen oan Thialf

18 feb 2021 - 18:40

CDA-listlûker Wopke Hoekstra wol dat de oerheid serieus sjocht nei it meibeteljen oan iisstadion Thialf. No draaie de gemeente Hearrenfean en de provinsje noch op foar de kosten. Dat kin eins net mear, fynt ek Wopke Hoekstra. "We gaan hier echt naar kijken, ook met de nationale overheid", seit Hoekstra yn It Polytburo.

Wopke Hoekstra oer ûnder oare Thialf, de Lelyline en lânbou:

Tongersdei pleite de PvdA yn Fryslân foar it meifinansierjen troch it Ryk. Hoekstra wiist op de nasjonale en sels ynternasjonale útstrieling fan Thialf. Hy fynt dat Ryk, provinsje en oare partijen mei-elkoar om tafel moatte om te praten oer de finansiering fan de iishal. Hoekstra weaget him lykwols net oan hurde tasizzingen. "Het is gemakkelijk om cadeautjes uit te delen op werkbezoek en daarna nooit meer iets te laten horen. Verstandiger is om met alle partijen om tafel te gaan."

De beurs lûke docht Hoekstra noch net direkt. "Ik ben liever wat voorzichtiger, maar het topsportklimaat is ongelooflijk belangrijk."

Krityk op riden yn Thialf

Hoekstra hat tongersdei by in wurkbesite oan Thialf te riden west mei Sven Kramer. Dêrop hat er hûnderten, benammen negative, reaksjes krigen op Twitter. De measten begripe net wêromt de CDA-listlûker wol te riden mei yn de iishal, wylst dy foar oaren ticht bliuwt.

De kommende wiken sjocht It Polytburo foarút op de Twadde Keamerferkiezingen. Wopke Hoekstra fan it CDA wie nei Lilian Marijnissen (SP) de twadde gast yn dizze rige. Freed skoot Lilianne Ploumen (PvdA) oan by presintatoaren Eric Ennema en Andries Bakker.

It CDA wol de coronakrisis oangripe foar feroaring en sels ferantwurdlikheid nimme. Dat skriuwe se yn it partijprogramma foar de ferkiezingen op 17 maart. Mar wat wol it CDA mei Fryslân? De partij wol ûnder oare it hûzetekoart oplosse troch in soad nije hûzen te bouwen, ferskate regio's better berikber meitsje mei it iepenbier ferfier en boerebedriuwen moatte skjinner wurde troch ynnovaasje.

Wenjen en berikberheid

Yn hiel Nederlân moatte de kommende tsien jier in miljoen betelbere en duorsume hûzen boud wurde, wol it CDA. In fjirde fan dy nije hûzen moat nei starters en jongerein. Dy nijbou kin oeral komme, wat it CDA oanbelanget, dus ek yn griene gebieten. Fierder moatte leechsteande kantoargebouwen en winkels omboud wurde ta apparteminten.

En troch de hûzen op de goede plakken te bouwen, wol it CDA krimpgebieten feroarje yn 'groeiregio's'. Dat is goed foar in leefber plattelân, skriuwt de partij. In minister foar Volkshuisvesting moat yn oerlis mei provinsjes en gemeenten oanwize wêr't nije hûzen komme.

It CDA wol oerheidsorganisaasjes, ûnderwiis-, ûndersyks- en soarchynstellingen en bedriuwen better ferspriede oer it hiele lân. Fierder moatte der yn oerheidskantoaren mear flekswurkplakken komme. Dan kinne minsken út Fryslân bygelyks makliker thúswurkje. Dat wol it CDA ek stimulearje.

Om it Noarden better te ferbinen mei de Rânestêd, wol it CDA de Lelyline oanlizze mei einstasjons yn Grins en Ljouwert. Ljouwert moat ien fan de knooppunten wurde op in hegesnelheidsnetwurk. Dan wurdt it makliker om hjir te wenjen en in pear dagen yn 'e wike te wurkjen yn de Rânestêd.

Soarch yn de gemeenten

In probleem yn de measte gemeenten is jildkrapte. Dat is benammen sa sûnt it Ryk tal fan soarchtaken by de gemeenten dellein hat. Gemeenten witte better wat nedich is, wie de gedachte. Mar der is net genôch jild nei de gemeenten gong om dat allegear goed út te fieren, wêrtroch't grutte tekoarten ûntstean. En dan binne der ek noch plannen om it jild út it gemeentefûns opnij te ferdielen, wêrtroch't in soad Fryske gemeenten der noch mear op achterút geane.

Neffens it CDA is de soarch tagonkliker wurden, troch de jeugdsoarch by de gemeenten te lizzen, mar ek folle djoerder. Troch dat op te lossen wol it CDA mei gemeenten sjen nei watfoar soarch echt nedich is foar jongerein. Boppedat moatte de easken foar soarchoanbieders omheech. Fierder moat it Ryk mear jild oan de gemeenten jaan om de WMO en jeugdsoarch út te fieren.

Foar de sikehûzen wol it CDA in ûnderskied meitsje tusken regiosikehûzen en 'spesjalisearre topsintra'. Akute soarch en basissoarch moat yn de regiosikehûzen dien wurde.

Lânbou, miljeu en natuer

It CDA wol in nije oanpak foar de hiele agraryske sektor. De sektor moat sels mei plannen komme om doelen wier te meitsjen, mar se moatte dêrby finansjeel wol stipe krije fan de oerheid en banken. En as boeren frijwillich ophâlde wolle, moatte se kompensaasje krije.

Om derfoar te soargjen dat boeren mear jild foar harren produkt krije, wol it CDA dat der in 'voedselscheidsrechter' komt. Dy stiet tusken de boeren, gruthannel en de konsumint. De ôfstân tusken de boeren en de konsumint moat ek lytser wurde. It CDA wol der wat oan dwaan dat minsken mear guod keapje dat yn de buert makke is.

Om boaiemdelgong yn it feangreidegebiet oan te pakken, wol it CDA in minister oanwize dy't in pakket fan maatregels yn elkoar set yn oerlis mei ûnder oare gemeenten, provinsjes en lâneigeners.

It Frysk

Wat it CDA oanbelanget, moat de Nederlânske en de Fryske taal opnommen wurde yn de Grûnwet. Dat foarstel wie der al earder ris, mar de regearing fan VVD, CDA, D66 en ChristenUnie hat dat ynlutsen. Der soe gjin 'driuwende maatskiplik ferlet en foldwaande konstitúsjonele ripens' wêze.

Fryske kandidaten

It CDA hat trije Fryske kandidaten op de list foar de Twadde Keamerferkiezingen stean. Harry van der Molen stiet it heechst, op plak njoggen. Sjoen nei de peilingen moat dat genôch wêze foar in plakje yn de Twadde Keamer, want yn dy peilingen stiet de partij op sa'n 17 oant 21 sitten. Van der Molen sit sûnt 2017 yn de Keamer. Oare Fryske kandidaten fan it CDA binne Jaap Jonkers fan De Jouwer op plak 27 en Douwe de Vries fan Noardeast-Fryslân op 44.

(Advertinsje)
(Advertinsje)