Tal WW-utkearingen yn Fryslân licht omheech

18 feb 2021 - 17:38

It tal WW-útkearingen is ôfrûne moanne licht tanaam yn Fryslân, ferlike mei de moanne derfoar. Dat hat útkearingsynstânsje UWV bekend makke.

It gebou fan it UWV yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

De taname komt foar in part troch ôfrinnende jierkontrakten en seizoenswurkleazens, bygelyks yn de lânbou en de bou. Foar in oar part komt it ek troch de coronakrisis. Dêrtroch rekken minsken yn de hoareka, de detailhannel en de kultuersektor harren baan kwyt.

De groei fan it tal útkearingen jildt net foar alle sektoaren, neffens it UWV. Yn de finansjele tsjinstferliening krigen krekt mear minsken wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)